De Gracie Awards binne in groep fan rom 40 Amerikaanske prizen fan, foar en oer froulju dy't sûnt 2005 elts jier útrikt wurde oan persoanen dy't in foarbyldige bydrage levere hawwe oan 'e elektroanyske media.

Gracie Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar elektroanyske media
útrikt troch AWM Foundation
frekwinsje 1x jiers
datum wikseljend
plak Los Angeles (Kalifornje) en
New York (New York)
ynsteld 2005
1e útrikking 2003
offisjele webside
www.thegracies.org

De útrikking fan 'e priis is yn 'e hannen fan 'e Alliance for Women in the Media Foundation (AWM), en de prizen binne ferneamd nei de Amerikaanske komediënne Gracie Allen. De útrikkingsseremoanje is twadielich en bestiet út in formeel jûnsgala en in folle ynformelere lunchgearkomste. Op it jûnsgala, dat ornaris holden wurdt yn it Beverly Hilton Hotel yn Los Angeles, wurde de lanlike prizen útrikt dy't de hiele Feriene Steaten beslane. Op 'e lunchgearkomsten, yn New York, wurde pleatslike en regionale prizen útrikt en wurdt online- en studintewurk bekroane.

 
Gracie Allen
  • treflike aktrise yn in trochbraakrol
  • treflike aktrise yn in byrol yn in drama
  • treflike aktrise yn in byrol yn in komeedzje of musical
  • treflike aktrise yn in fêste of gastrol
  • treflike aktrise yn in haadrol yn in drama
  • treflike aktrise yn in haadrol yn in komeedzje of musical
  • treflike cast - komeedzje
  • treflike cast - drama
  • treflike dokumintêre
  • treflik drama
  • treflike famyljeprogrammiëarring
  • treflike ferslachjouster
  • treflike humoristyske nijsreportaazje
  • treflike komeedzje
  • treflik lifestyle/sûnensprogramma
  • treflik live-talint: sportprogramma
  • treflik moarns/middeispresintatrise
  • treflike nijslêzer - nijs of aktualiteiterubryk
  • treflike online-presintatrise of -ferslachjouster
  • treflike online-produsinte
  • treflik oarspronklik online-programma - audio
  • treflik oarspronklik online-programma - nijs/dokumintêre
  • treflik oarspronklik online-programma - op himsels steande fideo
  • treflik oarspronklik online-programma - searje
  • treflik praatprogramma - entertainment/ynformaasje
  • treflik praatprogramma - nijs
  • treflik praatprogramma of ynterviewsegmint
  • treflike presintatrise - entertainment/ynformaasje
  • treflike presintatrise - lifestyle/sûnens
  • treflike presintatrise - nijs/non-fiksje
  • treflike produsinte - dokumintêre/reality
  • treflike produsinte - entertainment
  • treflike produsinte - nijs
  • treflik realitytillefyzjeprogramma
  • treflike regisseur - entertainment
  • treflike regisseur - nijs
  • treflike searje
  • treflike serieuze nijsreportaazje
  • treflike special
  • treflik sportprogramma
  • treflik ûndersyksprogramma of treflike ûndersyksreportaazje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.