Gratamahûs
It Gratamahûs is in earder hearehûs yn Assen. It waard om 1810 aan de súdkant fan de Drintske Haadfeart boud yn opdracht fan rjochter Sibrand Gratama. Neist rjochter wie hy redakteur fan de Provinciale Drentsche en Asser Courant. De drukkerij fan de krante waard troch soan Jan yn 1858 efter it hûs fêstige.
It hûs hie in symmertryske foargevel, mei yn it middenrisalyt in trije traveeën brede entree. Boppe de doar siet in balkon,, dy is letter ferdwûn. It oarspronklike hûs waard oan it begjin fan de 20e iuw yn trijen splitst. Yn it linkerdiel kaam yn 1919 in fytswinkel, in rjochterdiel waard yn 1924 ferboud foar in molksalon. Troch de bou fan de winkelpui yn 1924 waard de symmetry fan de gevel ferbrutsen. It pân is ûnderdiel fan it beskerme stedsgesicht en is in erkend ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |