Greeflik Slot
It Greeflik Slot wie in earder blokhûs yn Eastersee yn de gemeente Lemsterlân. Fan is slot is gjin ôfbyld bewarre bleaun.
De stins waar yn of koart nei 1197 boud. Durk VII, greve fan Hollân, krige spul mei syn broer Willem, wêrnei't Willem (fan Hollân) yn 1197 nei Fryslân sette en by Eastersee in slot bouwe liet. Hy neamde himsels greve fan Eastfryslân as ûnderskied mei Westfryslân. Hy bleau yn Fryslân wenjen oant syn broer yn 1203 ferstoar en hy syn greeflike rjochten yn Hollân opeaske en greve Willem I fan Hollân waard. Dat de Friezen him as harren hear erkenden, kaam grif omdat se yn fijânskip libben mei Hindrik Kraan, greve fan De Kúnder en Willem wist dizze fijân te ferslaan. Boppedat wist hy ek de biskop fan Utert finzen te nimmen. Yn de 6 jier dat Willem fan Hollân yn Fryslân tahâlde, wenne hy om en om yn Eastersee en Starum, dêr't hy in stienen hûs mei hofstee hie.
It slot yn Eastersee hat grif in houten blokhûs west, sadat der neat fan oerbleaun is. Eastersee wie eartiids it haadplak fan de Lemsterfiifgea, de âlde namme foar Lemsterlân.
Bewenners
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|