Greta van Puyenbroeck

Greta Van Puyenbroeck (Antwerpen, 1943) is in byldzjend keunstner út it Brabânske Bosschenhoofd. Har âlden wienen ek beide keunstner. Tusken 1960-1962 folge se lessen yn skilderjen en byldhouwen oan de Keninklike Akademy foar de Keunsten fan Antwerpen.

Har earste ynspiraasjeboarnen wienen har bern en hûsdieren, letter eins allinnich bisten. Hja wie dan ek gauris te sjen yn de Antwerpske Zoo en Planckendael en boetsearde dêr har model fan plastisine dat se yn har atelier útwurke. De measte bisten binne portrettearre. Greta besiket har bân mei de bisuten wer te jaan. Se makke ek in searje hynders en fûgels. In soad fan har skulptueren jit se yn brûns.

Wurken fan har wienen te sjen fan Europa oant New York en Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: