Grifformearde tsjerke (Hantumerhoeke)
De Grifformearde tsjerke op de Hantumerhoeke is in eardere grifformearde tsjerke fan Hantum, Hantumhuzen, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer. De tsjerke waard yn 2007 bûten gebrûk stelt en is dêrnei sûnder al tefolle feroarings oan de bûtenkant as wente ferboud.
Grifformearde tsjerke Hantum e.o. | ||
Eardere grifformearde tsjerke en pastorij | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Hantumhuzen | |
adres | Fennewei 9 | |
koördinaten | 53° 21' N 5° 59' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | yn 2007 bûten gebrûk steld as tsjerke; no wenhûs | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1962 | |
Kaart | ||
Tsjerke
bewurkje seksjeStifting
bewurkje seksjeYn 'e 19e iuw foarmen Hantum en Hantumhuzen ien herfoarme gemeente. De doarpen hiene elts in eigen tsjerke, mar dielden de dûmny. Alhoewol't de gemeente sûnt 1842 allinne otterdokse dûmnys hie, wie der yn 'e doarpen in soad ûnfrede oer de frijsinnigens yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Under ynfloed fan 'e Reitsumer dûmny J.J.A. Ploos van Amstel waard yn Hantum troch foarstanners fan de doleânsje op 4 juny 1887 besletten om de Doardtske Tsjerkeoarder fan 1618-1619 wer yn te fieren. Ynearsten wiene de tsjerkeried en de dûmny noch net safier, mar hja wiene it wol ienriedich yn harren ôfwizing fan de frijsinnigens yn 'e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke.
Yn 1889 waard de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke fan Hantum ynstituearre. De tsjerketsjinsten hiene yn in skuorre yn Hantum plak, mar as dat te kâld waard ferhuze de gemeente nei in húskeamer fan L.S. van der Kooi, dy't op Hantumerhoeke wenne. Ek ynwenners fan De Lytse Jouwer en Ternaard kamen op dy tsjinsten ôf.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe bou fan in eigen neogoatysk tsjerkje op Hantumerhoeke folge yn 1891, ek al koe der noch gjin eigen dûmny betelle wurde. De dolearjende leden fan De Lytse Jouwer, dy't by oant dan by Dokkum hearden, waarden ek by Hantum-Hantumhuzen foege. Trije jier letter waard yn 1906 ek besletten in pastorij njonken de tsjerke te bouwen.
Yn 1911 waard besletten in nij oargel oan te skaffen. Van Dam út Ljouwert boude foar 1.400 gûne dat nije oargel, dat yn 1912 yn gebrûk nommen waard. It tal leden fan de tsjerke groeide en dêrom moast de konsistoarje yn de nije tsjerke ûnder it oargel plak meitsje foar nije sitplakken. Tichteby de tsjerke waard oan de Fennewei yn 1915 ek in eigen skoalle stifte. Mei't Ternaard yn 1920 in eigen tsjerke krige, ferlear de gemeente leden, mar troch de groei stie it ledetal yn 1926 al op mear as 400. Dêrnei sette in delgong yn, dy't oant healwei de jierren 1950 noch tydlik wer omset waard yn in groei fan it ledetal.
Tsjin it ein fan de jierren 1950 setten der feroarings yn. Sa waard yn 1959 it net-ritmyske sjongen ôfskaft en yn itselde jier waarden ek de herfoarme (1902) en grifformearde (1915) skoalferienings gearfoege ta ien kristlike skoalle. Yn 1962 waard de tsjerke út 1891 hast hielendal op 'e nij boud.
PKN
bewurkje seksjeYn 1987 waarden de earste stappen set ta it gearwurkjen mei de herfoarme gemeente, dy't stadichoan better waard en yn 2007 late ta de stifting fan de PKN-gemeente Hantum e.o. Nei't al earder de grifformearde pastorij ferkocht wie, fûn yn de tsjerke oan de Fennewei foar it lêst op 21 oktober 2007 in tsjinst plak. De tsjerke waard dêrnei ferkocht en as wente ferboud.
Oargel
bewurkje seksjeIt Van Dam-oargel waard troch oargelbouwer Rini Wimmenhove út Hoogeveen oankocht en nei demontaazje opslein. Ein 2015 waard it oargel restaurearre en yn de herfoarme doarpstsjerke yn Nieuw-Beijerland set en dêr yn 2017 yn gebrûk nommen. By de restauraasje is it oargel mei in twadde manuaal en in frij pedaal útwreide.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|