Grifformearde tsjerke (Wâldsein)

De Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou yn Wâldsein, gemeente Súdwest-Fryslân, yn de provinsje Fryslân.

Grifformearde tsjerke (Wâldsein)
bouwurk
lokaasje
plak Wâldsein
adres Iewal 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1912
Restauraasje: 1999
arsjitekt H.J. Tiemens

De grifformearde tsjerke waard yn 1912 boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt H.J. Tiemens. De sealtsjerke mei stekkappen (lyts ferwulft dat yn in grutter ferwulft of kap ynsnijt) hat in oanboude konsistoarjekeamer en in heal ynboude toer fan trije geledingen mei ynsnuorre spits. De tsjerke waard op 27 maart 1913 yn gebrûk naam.

It oargel waard makke troch Pels & Van Leeuwen en yn 1962 yn de tsjerke pleatst. Yn 1975 krige de tsjerke glês-yn-leadruten.

Troch it Samen op Weg-proses is it tsjerkegebou yn 1998 frijkaam foar in oare bestimming. Yn 1999 is it gebou restaurearre en yn 2000 is it yn gebrûk naam as wenhûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4