Groep fan Auwerk
De Groep fan Auwerk is in beweging dy’t stribbet nei in selsstannige dielsteat fan in Nij-Fryslân yn Europa.
Nij Fryslân
bewurkje seksjeDe lannen dy't neffens de Groep fan Auwerk by it Nij Fryslân hearre binne:
- Gemeinde Helgolân, Kreis Pinneberch, Dútslân.
- Histoaryske regio West-Fryslân yn de provinsje Noard-Hollân, Nederlân.
- Provinsje Drinte yn Nederlân.
- Provinsje Fryslân yn Nederlân.
- Provinsje Grinslân yn Nederlân.
- Regio East-Fryslân, Nedersaksen, Dútslân.
- Kreis Noard-Fryslân, Sleeswyk-Holstein, Dútslân.
- Kreis Ditmarschen, Sleeswyk-Holstein, Dútslân.
- Krite Rustringen, diels yn dielsteat Bremen en Nedersaksen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe organisaasje is oprjochte yn 2003. De organisaasje hat doe har stânpunten úteinset. Yn 2005 is de groep begûn mei de earste politike aksje. Hja hawwe de Fryske nasjonaliteit oanfrege by it provinsjehûs yn Ljouwert. Dêrnei hawwe se aksje fierd troch in FRL-nûmerboerd te meitsjen. Elk nûmerboerd hat in stikje blau mei de Europeeske stjerren. De groep hat der de koade FRL ûnder setten krekt as de lannenkoades dy't der oars op stean. It wie de bedoeling dat minsken sjen litte kinne dat se by Fryslân hearre. De groep hat ek oare aksjes lykas de anty-nazi-helm dy't makke wie foar it wrâldkampioenskip fuotbal yn 2006. Op 23 septimber 2006 hat de groep de Ynterfryske Flagge presintearre. Dizze flagge kin brûkt wurde yn alle Fryske regio's. Net eltsenien koe it lykfine mei it konsept fan de Ynterfryske Flagge mar de Ynterfryske Rie stelde dochs in kommisje yn.[1]
De groep fan Auwerk hat yn septimber 2008 yn de Súdwesthoeke in tal ferkearsbuorden ferfongen troch in Frysktalige ferzje. De buorden ‘Doorgaand verkeer’ binne ferongen troch buorden mei ‘Trochgeand ferkear’. Ek de buorden mei ‘Fietspad’ binne feroare yn buorden mei it wurd ‘Fytspaad’. De groep wol mear romte foar de Fryske taal. Se fine dat Rykswettersteat en de Belestingtsjinst it Frysk noch altiten negearje yn harren kommunikaasje. Op 25 septimber 2009 helle de Groep fan Auwerk mei de Frije Fryske Grûn de Nederlânske plaknammen yn Wymbritseradiel fan de buorden. De gemeente hie al besletten dat de offisjele plaknammen Frysk wurde soenen, mar makken neffens de FFG en de Groep fan Auwerk gjin 'dien wurk'.[2]
- Gronologysk oersjoch [3]
- 4 maart 2005: Nasjonaliteit
- 19 july 2005: FRL kenteken stikker
- 30 novimber 2005: Fryske postsegel
- 16 septimber 2006: Ynterfryske flagge
- 3 juny 2006: Anty nazi helm
- 19 maaie 2008: Tsjin Verdonk
- 21 septimber 2008: Trochgeand ferkear
- 25 septimber 2009: Fryske plaknammen
Polityk
bewurkje seksjeDe groep is aktyf yn de polityk. Se wurkje nei in sterkere Fryske identiteit. In goed foarbyld dêrfan is it stânpunt dat alle Fryske minsken harren Fryske nasjonaliteit krije kinne moatte njonken harren Nederlânsk of Dútsk boargerskip. Neffens de groep binne der mear misstannen, lykas al it jild dat fertsjinne wurdt mei it gas yn Grinslân, dêr't in grut part fan nei de Rânestêd giet. Neffens de groep is dat net earlik.
Galery
bewurkje seksje-
Noardfryske flagge
-
Eastfryske flagge
-
Fryske flagge
-
Grinslânske flagge
-
Westfryske flagge
-
Ynterfryske gearwurkingflagge