Groupoatkalkoen
De groupoatkalkoen of súdwestlike kalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris crassipes) wie in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e kalkoenen (Meleagris).
groupoatkalkoen | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Meleagris crassipes | ||||||||||||
Miller, 1940 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn | ||||||||||||
Dizze soarte kalkoen kaam oant it begjin fan it Holoseen foar yn Noard-Amearika, yn wat no de Amerikaanske steaten Arizona en Nij-Meksiko binne. Sa't de namme al oanjout, ûnderskate dizze fûgel him fan 'e gewoane kalkoen (Meleagris gallopavo) troch grouwere poaten, mar ek troch in lytsere lichemsgrutte. De groupoatkalkoen stoar út yn 'e lêste iistiid (yn Noard-Amearika bekend as it Wiskonsinaan), likernôch 10.000 jier lyn.
De groupoatkalkoen is bekend fan 'e fynsten fan fossilen yn it Amerikaanske Súdwesten. De reden fan it útstjerren is ûnbekend, mar mooglike oarsaken dy't foar de hân lizze, binne oerbejaging troch de minske of dat de fûgel him oan 'e ein fan 'e iistiid net oanpasse koe oan 'e klimaatferoaring.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |