Grutte Tsjerke (Feare)

De Grutte Tsjerke is in letgoatyske krúsbasilyk yn de Siuwske stêd Feare. It monumintale gebou waard nea foltôge en wurdt tsjintwurdich as kultuertsjerke brûkt. Oan it tichtmitsele dwersskip slút de yn 1699 foar de earetsjinst fer- of werboude "Lytse Tsjerke" (Kleine Kerk) oan, dy't yn gebrûk is fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Grutte- of Us Leaffrouwetsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Feare
adres Oudestraat 26
koördinaten 51° 32'N 3° 40'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1479-1521
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 36967
Webside
PKN Feare
Side Grutte Tsjerke
Kaart
Grutte Tsjerke (Seelân)
Grutte Tsjerke

De oarspronklik oan Us Leaffrou wijde en yn 1342 ûnder Wolvert V fan Borssele, hear fan Sandenburg en Feare, stifte tsjerke, waard yn 1472 mei in kapittel útwreide. Wolfert VI fan Borssele joech yn 1479 opdracht oan Antoon I Keldermans om op syn kosten in nije krúsbasilyk te bouwen. It ûntwerp foar de nijbou wie ôfkomstich fan Evert Spoorwater út Brussel. Oant syn dea late Antoon it wurk, dêrnei folge syn soan Rombout him as opsichter op. De tsjerke, mei de swiere ynboude westlike toer, waard boud yn 'e styl fan 'e Brabânske gotyk. De nijbou waard tsjin de foargonger oanboud, in trijskippige halletsjerke, dy't tenei as koer tsjinne. Fan bûten waard de tsjerke beklaaid mei natoerstien, ôfkomstich út de omkriten fan Brussel.

 
De tsjerke op in skilderij fan Jan van der Heyden foar de grutte brân.

Sûnt 1520 stûke de bou en krige de tsjerke de hjoeddeiske omfang. De toer hie teminsten 100 meter heech wurde moatten, mar allinne de ûnderste ferdjipping waard foltôge. It tsjintwurdige koer, de "Lytse Tsjerke", is nei alle gedachten it risseltaat fan in 15e-iuwske ferbouwing fan 'e âlde tsjerke. Faktueren út 1542-1543 skriuwe wol oer de bou fan in koer mei ommegong en by opgravings yn 1938 binne dêr fûneminten fan fûn, mar it is net wis oft dat koer ea realisearre is, om't in tekening fan 1598 de hjoeddeiske sitewaasje ôfbyldet. It is oan te nimmen dat der allinnich in begjin makke is oan de bou fan it nije koer en dat it wat letter om ûnbekende redenen wer ôfbrutsen waard. Ek it stiennen netferwulft waard net realisearre, de oansetten binne noch wol oanbrocht mar de tsjerke krige lang om let in houten plafond. Yn ien fan 'e 16 kapellen mei 23 alters hong in kostber, net mear besteand, retabel fan Anthonis Janszoon van der Goude.

Nei de reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestantske earetsjint. De grifformearden brûkten allinne noch it middenskip, it transept en de sydskippen wiene net mear nedich foar de earetsjinst. De âlde trijeskippige halletsjerke yn it koer (de Lytse Tsjerke) waard ûnderferdield yn in diel foar de protestantske Skotten, in diel foar de Frânsktalige grifformearden en in diel foar de lutheranen. Yn 'e jierren 1830 waard it noardlike skip fan 'e Lytse Tsjerke, dat yn gebrûk west hie fan de Skotten, ôfbrutsen.

By reparaasjes oan it dak ûntstie der yn 1686 brân. It gefolch wie dat de tsjerke hielendal útbaarnde. De toer op de krusing waard net wer opboud en ek de topgevels fan de transepten kamen net werom. De klokketoer krige doe ynstee fan de piramidefoarmige spits in lege, koepelfoarmige ôfsluting.

 
Plattegrûn fan de Grutte Tsjerke.

Yn 1809 waard de tsjerke by it lânjen fan Ingelsen op Walcheren fanôf de see besketten. Dêrnei brûkten de Ingelsen de tsjerke as kazerne en hospitaal en brochten hja houten ferdjippingsflieren yn 'e tjerke oan. De Ingelsen hiene in soad lêst fan Siuwske koarts, in soarte fan malaria en der moasten hûnderten soldaten ferplege wurde yn 'e tsjerke. Neitiid wie de tsjerklike gemeente troch de ûntfolking fan Feare sa lyts woarn, dat de gemeente de grutte ferinnewearre tsjerke net mear brûke woe. It lêste meubilêr ferhûze nei it súdlike en middenskip fan it âlde hallekoer; de saneamde Lytse Tsjerke. Oare saken gyngen nei oare tsjerken: it nachtmielssulver fan 'e Skotten gyng nei de katedraal fan Manchester, de preekstoel nei de tsjerke fan Westkapelle en it oargel ferhûze nei de Lutherske Tsjerke fan Groede.

 
It ynterieur mei de yn 1890 ferwidere tuskenflierren.

De Frânsen brûkten letter (1813-1814) de yntusken leechsteande tsjerke as hospitaal en hynstestâl. Hja lieten ek de noch besteande grêfmonuminten en sarken, dy't de brân fan 1699 oerlibbe hiene, ferwiderje. Tagelyk joegen de Frânsen opdracht om 'e goatyske finsters ticht te mitseljen en lytsere ramen yn te bringen. Yn 'e jierren 1820 waard de tsjerke in wurkgesticht foar bidlers en swalkers en nei 1839 waard it gebou wer as hospitaal yn gebrûk nommen.

Yn 'e 19e iuw bestiene ferskillende plannen om de hiele tsjerke mar ôf te brekken. It wie fral oan it wurk fan Victor de Stuers, in ynfloedryk amtner dy't krewearre foar it behâld fan it nasjonale erfgoed, te tankjen dat it safier net kaam en der tsjin it ein fan 'e 19e iuw in restauraasje útfierd waard, werby de tuskenflierren wer ferwidere binne. De tsjerke waard in ryksmonumint, mar in weardige funksje krige it monumint net. Yn 'e rin fan de tiid soe de tsjerke brûkt wurde om te fuotbaljen, foar it opslaan fan hout, as feestseal, militêr hospitaal en om der fee yn under te bringen, lykas by de wettersneed fan 1953.

It duorre noch oant de jierren 1970 doe't de Grutte Tsjerke in kulturele funksje krige. Foar dat doel is der sanitêr ynbrocht en binne der glêzen siichportalen set. De Lytse Tsjerke yn it koer is ek hjoeddedei yn gebrûk troch de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  • Langs oude Zeeuwse kerken, Claudine Chavannes-Mazèl, Irina Diakonoff, Katie Heyning, Carel van Tuyll van Serooskerken ISBN 9024641462