Grutte grize fûgel

Grutte grize fûgel'' is in liet fan de Fryske sjongster Frederike Kleefstra. 'Grutte grize fûgel' is in fers fan de yn 1979 ferstoarne dichter Jan Visser. Yn de tekst ropt de dichter in grutte grize fûgel oan om him mei te nimmen nei syn dreamlân. De tekst waard op muzyk setten troch Peter van der Zwaag.[1]

It liet wurdt in soad spile by mimerjen oer fergonklikens en by begraffenissen.[2] It stie dan ek jierrenlang yn de top tsien fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.

Te hearren op

bewurkje seksje
  • Fryske stjerre jûn (april 2010, DVD)
  • It bêste út de Fryske top 100 fan omrop Fryslân : Trije (Marista, novimber 2009, CD)
  • Fryske Stjerre jûn mei Gerbrand Westveen en it Nieuw Philharmonisch Orkest (desimber 2007, DVD)
  • Fryske stjerrejûn (maart 2002, CD)
  • Fryslân muzyklân : 12 Fryske hits ; vol.1 (maart 1999, CD)
  • Hoe fyn ik wurden (augustus 1988, CD)
  • De beste fan omrop Fryslan (febrewaris 1983, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: