Peter van der Zwaag
Peter van der Zwaag, (Hengelo, 1962), is in Frysk pianist, toetsenist, akkordeonist, komponist, arranzjeur en orkestlieder út Sint Anne.[1]
Peter van der Zwaag | ||
Peter van der Zwaag | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1962 | |
berteplak | Hengelo | |
wurkpaad | ||
berop/amt | pianist, toetsenist, akkordeonist, komponist, arranzjeur en orkestlieder | |
aktyf as | muzikus | |
prizen | Scheveningen begeliederspriis | |
offisjele webside | ||
Webside Peter van der Zwaag |
Peter van der Zwaag studearre klassike piano oan it konservatoarium. Hy wurke foar artysten as Robert Long, Jenny Arean, Willeke Alberti , Liesbeth List, Rients Gratama en Gerrit Breteler, Piter Wilkens.[2] Hy wie de begelieder fan Inez Timmer by har súksesfolle talittingseksamen foar lichte muzyk en sang oan it konservatoarium Hilfertsom.
Karriêre
bewurkje seksjeOan it begjin fan de jierren tachtich spile Van der Zwaag yn de folkgroep Mecharon. Dy groep eksperimintearre mei selsmakke muzyk en tradisjoneel materiaal op de grins tusken folk en jazz. Peter wie de sanger en spile dêrby piano, gitaar en akkordeon. Oare leden fan Mecharon wiene Dick Lont (gitaar, basgitaar), Annemarie van der Reyden (dwersfluit) en Anna Jansen (fioele).
Yn 1989 wie hy pianist en arranzjeur fan Douwe Heeringa, mei syn suksesfolle projekt Brel, in Fries. As útfierend muzikus is er meastentiids pianist, mar ek wol toetsenist of akkordeonist. As komponist skriuwt Van der Zwaag lietsjes, jingles, leaders en oare muzyk. Hy docht dat foar ferskate artysten mar ek foar telefyzjeprogramma's en de produksje fan cd's en dvd's.
Geregeldwei skriuwt er arranzjeminten foar harmony, fanfare en brassband besetting, bygelyks it wurk fan Gerrit Breteler.[3] Sûnt 2001 hat Van der Zwaag de lieding by it Amsterdams Kleinkunstfestival. As muzikale tûzenpoat is er sûnt 2012 muzikant, arranzjeur en orkestlieder by it Frysk Sjongers Gala yn skouboarch De Lawei yn Drachten.[4][5] Fan de CD Cohen yn 't Frysk wie hy de muzikaal lieder.[6]
Priis
bewurkje seksjeYn 1993 waard Peter van der Zwaag ûnderskieden mei de Scheveningen begeliederspriis.
Wurklist (karút)
bewurkje seksje- Muzikus
- 1989 - 1994 - Douwe Heeringa
- 1992 - Jenny Arean
- 1995-2006 - Robert Long
- 2001 - Chorus line - musical
- 2002 oant no ta - Willeke Alberti
- 2003 - Alleen op de wereld - musical
- 2005 - Tom Parker & New London Chorale
- 2005 - Kabaret - Iepenloftspul Jorwert (+ arranzjeminten)
- 2009-2015 - Cirque d'Hiver Roermond, wintersirkus
- 2011 - De Fleanende Hollanner - Piter Wilkens
- 2012 - Geraniums of Gladioalen - Rients Gratama Rients Gratama [7]
- 2012-2015 - Liesbeth List
- 2013 - Sonneveld - Musical
- 2016 - Tusken heimat en heitelân - Inez Timmer
- Komposysjes
- Frjemde kusten - Frysk Festival 2008
- Grutte grize fûgel - Frederike Kleefstra
- lietsjes foar berneprogramma's Omrop Fryslân: Witwat , It Boskwyfke, Lân fan Efke
- Leader foar dokumintêre-rige 100 Jier Alvestêdetocht
- Retoer Ljouwert-Berlin, cd en teaterprogramma
- Arranzjeminten
- BAUCK!, Fryske leginde [8]
- Cohen yn it Frysk
- Brel, in Fries
- Bonifatius, de musical