Grutte imerkesjonger

De grutte imerkesjonger (Helopsaltes fasciolatus) is in fûgelsoarte fan it skaai imerkesjongers (Helopsaltes) yn 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).

grutte imerkesjonger
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaai imerkesjongers (Helopsaltes)
soarte
Helopsaltes fasciolatus
Gray, 1861
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding

bewurkje seksje

De fûgel briedt yn it suden fan Sibearje, noardeastlik Sina en Koreä. It is in trekfûgel dy't oerwinteret yn it súdeasten fan Aazje. De grutte imerkesjonger is te finen yn leechlân en kustgebieten en hat syn nêst yn bosk of strûken.

De grutte imerkesjonger is de grutste fan 'e imerkesjongerfûgels en is hast like grut as de reidklyster. In folwoeksen fûgel hat in brune boppekant, de foarholle, kiel en búk binne bleek en it boarst is griis. De ûnderste dielen binne bleekgiel mei doforanje ûndersturtdekfearren sûnder flekken. De fûgel is tige skou en wurdt selden sjoen om't er yn tichte strûken libbet.

De fûgel sjongt koart, lûd en karakteristyk. It is net te ferlikenjen mei it ynsekteftige sjongen fan 'e Europeeske strûksjonger-soarten en muzikaler as de sang fan 'e Sibearyske imerkesjonger.

De populaasje is neffens IUCN stabyl en de status fan 'e grutte imerkesjonger op 'e Reade list is net bedrige. It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de fersprieding fan 'e fûgel beslacht in grut gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside en:Gray's grasshopper warbler (ferzje fan 8 jannewaris 2024)