Grutte tuorrebout
De grutte tuorrebout of grutte bollepyst (Typha latifolia) is in oant mear as 2 meter hege plant fan fiedselrike ouwers mei lange grutte blêden, en in karakteristike brune "sigaar" oan de útein fan syn stâlen. De plant bloeit in juny/july mei de manlike ier meastal fuort boppe de froulike ljochtbrune ier, wêroan't de blommen sitte. By ripens binne de froulike ieren swarteftich brún; de sigaren. By de lytse tuorrebout binne de ripe sigaren gieleftich oant grieneftich fan kleur.
grutte tuorrebout | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Typha latifolia | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeDe grutte tuorrebout is in tige algemiene plant en komt foar oan wetterkanten yn tige fiedselrike omstannichheden en yn soere, fiedselryk wurdende marren en puollen. De plant komt net foar oan grutte iepen wetters.
De plant kin him ûnder geunstige omstannichheden hurd troch woartelstokken ferspriede.
De tuorrebout stiet bekend as in beskerme plantesoarte, mar stiet net op de reade list en ek net op de List fan wetlik beskerme planten yn Nederlân.
Gebrûk
bewurkje seksjeDe opdrûge ripe bloeiwize wurdt troch bern wol oanstutsen en brûkt as 'stjonksigaar'. It plús ít de ripe bloeiwize is hiel handich by it oanmeitsjen fan fjoer. De woartelstokken binne tige setmoalryk en in boarne fan fiedsel by ekstreme. Yn 'e maitiid kinne de jonge knoppen iten wurde..
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- SoortenBank.nl-side - Grutte tuorrebout (Nederlânsk)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Typha latifolia fan Wikimedia Commons. |