Guillaume Robustelly
Guillaume Robustelly (Herzogenrath, tusken 1718 en 1725 - Luik, 1793) wie in oargelbouwer dy't yn Luik wurke. Hy wie learling en opfolger fan Jean-Baptiste le Picard en yn syn tiid ien fan de wichtichste ferttsjintwurdigers fan de Luikse Skoalle. Hy wie, nettsjinsteande syn namme dy't Italjaansk oandocht, fan oarsprong Dútkstalich.
De oargels wurde ta de klassike perioade rekkene mar net, lykas in protte Van Peteghem-oargels, ta de rokoko. Syn oargels wiene en binne foaral te finen yn it suden fan Nederlân en yn België. De Meinardstsjerke yn Minnertsgea hat in oargel fan syn hân.