Húnzermole
De Húnzermole is in poldermole en ryksmonumint justjes ten súdwesten fan it doarp Húns yn de gemeente Ljouwert.
Húnzermole | ||
mûne / mole | ||
De Húnzermûne yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Húns | |
adres | Húns 39 | |
koördinaten | 53° 09' N 5° 39' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen polder Húns | |
flecht | 21,80 meter | |
boujier | 1829 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Wetterskipserfgoed | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8530 | |
Webside | ||
Side St. Wetterskipserfgoed | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Húnzermole waard yn 1829 yn it ramt fan de gearfoeging fan lytsere polders ta in grutte polder fan ± 1200 pûnsmjit boud en ferfong dêrmei fiif lytsere moles.
Yn 1937 gie in plan om de mûne te ferfangen troch mechanyske bemealling net troch, mar yn 1958 waard yn de Húnzermole dôchs noch in diselmotor setten, wêrnei't kombinearre bemealling mooglik waard. Yn de jierren 1978-1980 waard de mole restaurearre. Hoewol't yn 2001 in gemaal neist de Húnzermole boud waard, is hy noch altyd mealree.
De mole is eigendom fan it Stichting Waterschapserfgoed en kin op ôfspraak besichtige wurde.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe achtkante, reiddutsen muonts stiet op mitsele fjildmuorren, de roeden fan de mole binne 21,80 meter lang en hawwe selsswichting mei âldhollânske foarhikken.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|