Mosk

(Trochferwiisd fan Húsmosk)

De mosk of húsmosk (Passer domesticus) is in lytse oant middelgrutte sjongfûgel dy't benammen fan sied en ynsekten libbet. Tegearre mei sa'n fjirtich oare moskesoarten sa as de fjildmosk foarmet er it skaai Passer. Mei sân oare skaaien foarmet dit skaai de famylje fan 'e moskfûgels (Passeridae), dy't sa'n 43 soarten befiemet.

mosk

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje moskfûgels (Passeridae)
skaai mosken (Passer)
soarte
Passer domesticus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

lânseigen:
     stânfûgel
     jiergast

yntrodusearre:
     eksoat
     wierskynlik útstoarn


Mosken wurde faak trochinoar helle mei fjildmosken. It mantsje fan de Mosk hat lykwols in griis krún wylst de fjildmosk in brún krún hat. It wyfke fan de Mosk is wat ientoaniger fan kleur, nammentlik brún.

De 14-16 cm grutte Mosk komt oeral foar dêr't minsken har te wenjen set ha. De fûgel komt foaral yn doarpen en stêden foar, minder yn de bosken. Mosken binne siediters, mar se meie ek graach ite wat de minsken falle litte. De jongen wurde fuorre mei ynsekten.

 
Moske-aaien.

Fersprieding

bewurkje seksje

It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan de Mosk leit yn Jeropa, Noard-Afrika en Aazje. Sûnt it midden fan de 19e iuw hat de mosk op tal fan oare kontinenten syn plak fûn en is dêrtroch ien fan de fûgels mei it grutste ferspriedingsgebiet.

De soarte Passer domesticus omfiemet 12 ûndersoarten: P. d. domesticus, balearoibericus, biblicus, hyrcanus, persicus, indicus, bactrianus, parkini, hufufae, tingitanus, niloticus en rufidorsalis. De ûndersoarte domesticus ("nominaatfoarm") is de noardlikste, dy't fan West-Jeropa oant noardlik Japan foarkomt, en ek yn oare parten fan 'e wrâld yntroduseare is. De Italiaanske foarm is sa ferskillend fan 'e oare foarmen dat er tsjintwurdich as aparte soarte Italiaanske mosk (Passer italiae) beskôge wurdt.

Nêstplakken

bewurkje seksje

De mosken bouwe rommelige nêsten meast fan gersstâlen ûnder dakpannen, dakspanten en yn hoalen yn muorren. Se kinne yn in jier tiid twa oant trije nêstjes jongen grutbringe. De aaien wurde troch beide âlden yn sa'n 10 oant 15 dagen útbret. Dêrnei duorret it meast sa'n 14 oant 16 dagen foardat de jongen útfleane.

Tebekrin yn Nederlân

bewurkje seksje

Sûnt de 70-er jierren fan de 20e iuw is it tal mosken yn Nederlân hurd tebek rûn: fan nei skatting 1 á 2 miljoen yn de 70-er jierren oant sa'n 0,5 á 1 miljoen briedpearen yn 2015. Derom stiet de mosk as 'gefoelich' op de Nederlânske Reade list fan fûgels.

As oarsaken binne ûnder oaren it lytser tal geskikte nêstgelegenheden troch oare en hechtere dakbedekking, it brûken fan bestridingsmiddels wêrtroch it tal ynsekten ôfnaam is, en it effisjinter brûken fan kealsleine grûn wêrtroch it tal foeraazjeplakken ôfnommen is oan te wizen.

De fûgelbeskerming hat in aksje op tou set om it tebekgong fan de mosk tsjin te gean. Er moat mear grien yn de stêden en doarpen komme. Ek moatte der mear nêsthokken pleatst wurde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje