Hûnefluitsje
In hûnefluitsje is in type fluit dat brûkt wurdt by it trenen fan hûnen en katten. In hûnefluitsje makket ultrasoane trillings (typysk tusken de 16.000 Hertz en 22.000 Hz). Dat betsjutdat de frekwinsje fan in lûdsweach fan in hûnefluitsje foar it grutste part bûten it berik fan it minsklik ear leit. It hûnefluitsje waard útfûn troch Francis Galton.