Beagle (skip)

(Trochferwiisd fan HMS Beagle)

De Beagle wie yn de 19e iuw in sylskip fan de Royal Navy, boud as 10-kanons brik (Cherokee-klasse), dat bekend wurden is troch ien fan syn passazjiers, Charles Darwin. Op 11 maaie 1820 waard HMS Beagle te wetter litten op de rivier de Teems yn Ingelân. De bou koste £7.803. Neidat it earst fiif jier yn reserve hâlden wie, waard it op 27 septimber 1825 omboud ta ekspedysjeskip.

Beagle
HMS Beagle yn de Strjitte fan Magellaan
HMS Beagle yn de Strjitte fan Magellaan
algemiene ynformaasje
flagge
eigner Royal Navy
skiednis
kyllizzing Juny 1818
tewetterlitting 11 maaie 1820
yn de feart 1820
út tsjinst 1845, nei de Kustwacht
status sloopt yn 1870
bysûnderheden en sifers
type Brik, sûnt 1826 3-mêst bark
lingte 27,5
breedte 7,5
djipgong 3,8
tonnaazje 235, letter 242 ton
bemanning 120 as oarlochsskip, 65 plus 9 boppe de sterkte op twadde reis
oandriuwing silen
bewapening 10, 6 kanons op ekspedysje
HMS Beagle, akwarel fan Owen Stanley (1841)
Lingtetrochsneed fan HMS Beagle sa't hja yn 1842 wie

Fan 22 maaie 1826 oant 14 oktober 1830 makke de Beagle syn earste reis. Dy earste reis wie in ekspedysje nei Patagoanje en Fjoerlân foar hydrografysk ûndersyk. De kaptein wie ynearsten Pringle Stokes, mar neidat dy himsels ombrocht hie, krige Robert FitzRoy it befel. Der waarden twa Fjoerlanners meinomd op de weromreis mei de bedoeling om har ta it Kristendom te bekearen, ta sindeling op te lieden en werom te bringen nei Fjoerlân.

Reis om de wrâld

bewurkje seksje

Yn 1831 makke de Beagle, FitzRoy wie ek mei, in reis om de wrâld. Op dizze reis fear ek Charles Darwin mei as naturalist. Fan Southampton wei waarden earst de kusten fan Súd-Amearika oandien en de Falklâneilannen besocht. De twa Fjoerlanners waarden werom brocht. Fia de Galápagoseilannen, Austraalje en Súd-Afrika kearde hja yn 1836 werom nei Ingelân.

Tusken 1837 en 1842 waard de Beagle foar de tredde kear foar hydrografysk ûndersyk brûkt. Op dizze reis waarden de kusten van Austraalje ûndersocht.

De lêste jierren

bewurkje seksje

Oan de ein fan syn libben die de Beagle tsjinst as statyske wachtboat fan de douane foar de kust fan Esseks (yn it Teemsestuarium). Yn 1870 waard it skip ferkocht oan skroathannelers.

 
De replika fan de Beagle yn Punta Arenas, 2017

Sûnt 1 novimber 2012 wurdt der yn Sily wurke oan in 1:1 replika fan de Beagle.

Keppeling om utens

bewurkje seksje