Haije Boersma
Haije Anne Boersma (Stiens, 1904 - Ljouwert, 21 oktober 1995) wie ynspekteur fan it Frysk Rundfee Stamboek tusken 1929 - 1959.
Sûnt 1959 bestjoerslid fan it FRS, fan 1962-1973 foarsitter. Fersoarge in soad foarljochting oer de hiele wrâld en joech yn syn bestjoersperioade in soad omtinken oan it bienwurk, mar ek oan de jaarfoarmen en -kwaliteit. Dit mei it each op it yn dy tiid opkommende oantal melkmasines en de opkomst fan lisboksstâlen.
Krige yn it bûtenlân de ûnderskiedings: Chevalier de Mérite Agricole (1949), eareboarger fan Cambrai (sit fan it Frânske swartbûntstamboek; 1972) en earelid fan de Friesfokkers Feriening fan Súd-Afrika (1974).
Wie sûnt 1966 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de VVD en sûnt 1974 fraksjefoarsitter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|