Hamsterrotten (tûke)

De hamsterrotten (wittenskiplike namme: Cricetomyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae) en de lyknammige ûnderfamylje fan 'e hamsterrotten (Cricetomyinae).

Hamsterrotten (tûke)
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini).
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: Afrikaanske mûzen en rotten
   (Nesomyidae)
ûnderfamylje: hamsterrotten (Cricetomyinae)
tûke: hamsterrotten (Cricetomyini)
Roberts, 1951

Hamsterrotten binne lânseigen op it fêstelân fan Afrika. De tûke fan 'e hamsterrotten bestiet út twa skaaien: de middelgrutte echte hamsterrotten (Beamys), dy't rûchwei like grut binne as in brune rôt, en de reuzehamsterrotten (Cricetomys), dy't de grutste soarten fan 'e mûzen en rotten omfiemje en noch in slach grutter binne as in flinke muskusrôt.

Tûke-opbouBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.