Reuzehamsterrotten

De reuzehamsterrotten (wittenskiplike namme: Cricetomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae), de ûnderfamylje fan 'e hamsterrotten (Cricetomyinae) en de lyknammige tûke fan 'e hamsterrotten (Cricetomyini). Dizze bisten komme foar yn Afrika besuden de Sahara. Se hawwe in tige skerpe rooksin en binne relatyf maklik nuet te meitsjen en te trainen. Se wurde dêrom tsjintwurdich ynset om lânminen op te spoaren.

Reuzehamsterrotten
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini).
In Eminhamsterrôt (Cricetomys emini).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: Afrikaanske mûzen en rotten
   (Nesomyidae)
ûnderfamylje: hamsterrotten (Cricetomyinae)
tûke: hamsterrotten (Cricetomyini)
skaai: reuzehamsterrotten (Cricetomys)
Waterhouse, 1840

Reuzehamsterrotten binne mar út 'e fierte besibbe oan echte rotten, hoewol't se oant frij resint taksonomysk yndield waarden by de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae). Genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat se folle nauwer besibbe binne oan û.m. de Madagaskarrotten, de klimmûzen en de rotsmûzen, en dat se yn 'e mande mei dy groepen thúshearre yn 'e famylje fan 'e Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae).

De oantsjutting 'hamster' yn 'reuzehamsterrotten' wol net sizze dat dizze bisten op hamsters lykje, mar dat se krekt as hamsters oer wangpûden beskikke, dêr't se fretten mei 'hamsterje' kinne. Reuzehamsterrotten hawwe kop-romplingten dy't útinoar rinne fan 25-45 sm, mei skobbige keale sturten dy't nochris 36-46 sm oan 'e totale lichemslingte tafoegje. Se weagje tusken 1 en 1½ kg. De wyfkes, dy't acht spiennen hawwe, kinne oant 10 nêsten fan 1-5 jongen yn 't jier smite. De draachtiid duorret by dizze bisten 27 oant 36 dagen.

Reuzehamsterrotten binne nachtdieren. Se hawwe in omnivoar dieet en frette benammen fruchten en ynsekten. Yn 't bysûnder hawwe se in foarleafde foar de nuten fan palmbeammen. Krekt as in protte oare kjifdieren dy't it fretten fermintearje yn 'e terms, binne se koprofaach, d.w.s. dat se har eigen kjitte opfrette om it noch in twadde kear te fertarren. Har trochgong bestiet dêrta út sêfte keuteltsjes healfertarre fretten, dy't se streekrjocht út har anus ite.

Ynteraksje mei de minske

bewurkje seksje

Yn in soad Afrikaanske lannen wurde reuzehamsterrotten beskôge as lyts wyld en wurde se troch de minske bejage foar it fleis. Dêrnjonken binne dizze bisten maklik nuet te meitsjen en wurde se wol as húsdieren holden en nei oare dielen fan 'e wrâld eksportearre. Yn 'e Feriene Steaten meie se sûnt 2003, doe't se dêr yn ferbân brocht waarden mei in útbraak fan 'e apepokken, neat mear ynfierd wurde.

Reuzehamsterrotten litte har net allinnich maklik nuet meitsje, mar kinne ek op oare manearen frij ienfâldich traind wurde. Se hawwe in tige skerpe rooksin, dêr't se sûnder muoite de geur fan eksplosiven lykas TNT mei gewaarwurde kinne, sels as der in laach ierde oer de springstof hinne leit. Sadwaande binne reuzehamsterrotten tige handich foar it opspoaren fan lânminen, mei't se net swier genôch binne om in myn ôfgean te litten, en se dus sûnder risiko troch in minefjild skarrelje kinne. Benammen de Gambiahamsterrôt wurdt dêrfoar ynset. Eksimplaren fan dy soarte wurde traind foar it opspoaren fan minen yn ruil foar in lekkernij troch APOPO, in Tanzaniaanske non-profitorganisaasje.

It hat bliken dien dat reuzehamsterrotten ek de oanwêzigens fan 'e sykte tuberkuloaze gewaarwurde kinne troch oan minsklike flibemeunsters te rûken. Om't in rôt hûnderten meunsters deis teste kin, wylst in laboratoariumanalist mei tradisjonele metoaden deis mar oan 30 of heechút 40 takomt, is dat in grutte foarútgong. APOPO is der dêrom mei úteinset om ek reuzehamsterrotten foar dat wurk te trainen. De rûkrotten dy't minen en tuberkuloaze opspoare kinne, wurde oantsjut as HeroRats.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.