Handley Page Hampden
Handley Page Hampden | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Handley Page |
Untwerper | Gustav Lachmann |
Earste flecht | 21 juny 1936 |
Yn tsjinst | 1938 |
Ut tsjinst | 1943 |
Tal makke | 1.430 (1936–1941) |
Brûkers | RAF, RCAF, Sowjet-Uny, RAAF, Sweden |
Fariant | Handley Page Hereford |
De Handley Page Hampden wie in Britske middelswiere bommesmiter dy't yn de Twadde Wrâldkriich troch de RAF brûkt waard. Mei de Hampden, de Whitley en de Wellington waarden yn it begjin fan de oarloch de earste oanfallen op Nazi-Dútslân útfierd.[1]. It prototype fan de Hampden makke syn earste flecht op 21 juny 1936. Der binne sa'n 1500 fan de Hampden makke, dêrfan is benei de helte by aksjes ferlern gien.[2]
De earste oanfallen mei de Hampden waarden dien op 4 septimber 1939, doel wie de Dútske float. Net ien bom wie lykwols raak.
De Hampden hie goede fleaneigenskippen, mar hie te min bewapening om brûkt te wurden foar opraasjes by deiljocht (dat jilde oars foar alle Britske bommesmiters út dy tiid). Dêrom waard de Hampden nei 18 desimber 1939 allinne by nachtoperaasjes brûkt. In ferneamde missy mei hampdens wie de oafal op it Dortmund-Iemskanaal by Münster op 12 augustus 1940. Yn de nacht fan 25 op 26 augustus 1940 dienen de tastellen mei oan it earste massale bombardemint op Berlyn en letter op Keulen.[1] De Hampdens waarden yn 1942 weromlutsen út de tsjinst by it Bomber Command. Dêrnei waarden sy noch wol brûkt by it Coastal Command as torpedo-bommesmiter (de Hampden TB Mk I) en ferkenningsfleanmasine.
De Hampden hat tsjinne by de loftmachten fan Austraalje, Kanada, Sweden (ien tastel), Nij-Seelân, Sovjet-Uny (ien eksimplaar) en it Feriene Keninkryk
Spesifikaasjes (Hampden T.B.Mk.I)
bewurkje seksje- Bemanning: 4
- Spanwiidte: 21,08 m
- Lingte: 16,33 m
- Hichte: 4,49 m
- Fleugeloerflak: 63,9 m²
- Gewicht leech: 5.345 kg
- Startgewicht: maks. 9.526 kg
- Oandriuwing: twa luchtkuolle stjermotoren Bristol Pegasus XVIII fan 710 kW startfermogen
- Topfaasje: 426 km/o op 4.720 m
- Krúsfaasje: 269 km/o
- Klimfaasje: 5 m/s op lege hichte
- Bewapening:
- ien fêste 7,7-mm-Browning-MG foaryn romp
- ien beweegbere 7,7-mm-Vickers K-MG foaryn romp
- ien beweegbere 7,7-mm-Vickers-dûbel-MG boppe yn romp
- ien beweegbere 7,7-mm-Vickers-MG ûnder yn romp
- ien beweegbere 7,7-mm-Vickers-MG ûnder yn romp
- Bommen: 4,000 lb (1.814 kg) of 1 × 18 inch (457 mm) torpedo of minen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Handley Page Hampden fan Wikimedia Commons. |