Hanford Nukleêr Reservaat

(Trochferwiisd fan Hanford Nukleêre Reservaat)

It Hanford Nukleêr Reservaat of de Hanford Site is in Amerikaansk nukleêr kompleks flakby de stêd Richland yn de steat Washington. It kompleks is sa'n 1517 km² grut. It projekt is ferneamd nei it eardere doarp Hanford, wat op dit plak lei.

kearn reaktors po it Hanford Site oan de rivier de Kolumbia yn jannewaris 1960. De N Reactor is op de foargrûn, mei de twilling KE en KW Reaktors op de eftergrûn. The histoaryske B Reactor, de earste plutoanium produksje reaktor fan de wrâld, is te sjen yn de fierte.

Produksje fan plutoaniumBewurkje

De Hanford Site waard úteinset yn 1943 yn it ramt fan it Manhattan Projekt om plutoanium te leverjen foar de produksje foar it earste kearnwapen. De Hanford Site hie de kode namme Site W yn it ramt fan it Manhattan projekt.

De op it Hanford produsearre plutoanium tsjinne foar de earste atoombom, dy teste waard op de Trinity Site by Los Alomos, Nij-Meksiko. It waard brûkt yn de Fat Man, dy't op Nagasaki yn Japan smiten is.

Sluting en himmeljenBewurkje

De reaktors foar de produksje foar wapens waard nei de Kâlde Kriich stillein. Op it mêd is noch hieltyd radioaktive smoargens fan 204.000 m³ oanwêzich yn tenks dy't ûnder de grûn sitte. Dit is twa tredde part fan al it radioaktive smoargens yn de Feriene Steaten. It giet yn totaal om 177 tenks, wêrfan 149 âldere tenks. In tredde fan dizze âldere tenks hat alris yn it ferline radioaktyf guod lekt. Hanford is no ien fan de meast fersmoarge mêden yn de FS besibbe oan kearnenerzjy. Om't it mêd tichteby de rivier de Kolumbia leit, hat de Amerikaanske oerheid besletten om it mêd skjin te meitsjen.

It skjinmeitsjen hat net sûnder problemen ferrûn. Sûnt 1989 hawwe der 5 haadoannimmers oan dit projekt wurke. De hjoeddeiske oannimmer is Bechtel en it moat ree wêze yn 2019.

Keppeling om utensBewurkje