Hanneke Frankema (30 juny 1983) is Nederlânsk en Europeesk kampioen floral design (blomsierkeunst). Se wennet yn it lytse stedsje Schipluiden tegearre mei har freon profesjoneel fotograaf Nico Alsemgeest. Frankema hat meidien oan ferskate wedstriden en wûn ûnder oare de earste edysje fan de Barcelona World Flowers Cup, ferskate Nederlânske kampioenskippen en behelle in 6e plak yn de Europeeske jeugdkompetysje. Se is diplomearre karmaster en siet twa seizoenen yn de sjuery fan SBS-talintejacht Hollands Beste Bloemstylist (2015 en 2017 ).

Hanneke Frankema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 juny 1983
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt blommiste
aktyf as blomsierkeunstner
reden
  bekendheid
Europeesk kampioen floral design

Fan jongs ôf oan hâldt se fan blommen en fûn se it aardich om der dingen mei te meitsjen. Se hie 8 jier in blommewinkel mar die der in soad dingen neist en dêr fokust se har no folslein op en wurket tsjintwurdich as freelance blommist en reizget de wrâld oer om les te jaan yn blomskikken, wedstriden te dwaan, blommedemonstraasjes te jaan, blommeynstallaasjes te meitsjen op grutte shows en blommepromoasjes te dwaan. Ek makket se dekoraasjes op beurzen.

Hanneke Frankema kwalifisearre har as jongste blommist ea ta Masterblommist.

Europeesk kampioenskip Katowice Poalen 2022 - Frankema pakte de earste priis en mei harsels fjouwer jier lang de bêste florist fan Europa neame.

Nederlânsk kamioenskip Blomsierkeunst 2018 - Frankema pakte de earste priis. De finale fûn plak op woansdei 5 septimber yn it fakevent Florall Inspiration.

Barcelona World Flower Cup 2012 - Frankema behelle út de 51 blomskikkers de WK titel.

Nederlânsk kampioenskip bloemsierkeunst 2007 - Frankema wint de earste priis.

Nei ferskate blomskip opliedingen behelle Frankema yn 2006 har diploma Meesterbindster.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: