Hans Willem de Blocq van Scheltinga
Mr. Hans Willem de Blocq van Scheltinga (Boalsert, 24 maaie 1802 - 19 jannewaris 1864) wie in Frysk politikus.
Hy studearre Letteren yn Utert en promovearre dêr mei de dissertaasje: Probatus testimonio Cl. Goudoever. Hy wie fan 1833 oant 1851 grytman fan Skoatterlân. Dêrfoar wie hy Folmacht fan Fryslân en boppedat lid fan de Provinsjale Steaten. Hy liet koart nei 1830 in bûtenpleats bouwe op it eardere keninklike lângoed It Oranjewâld. Hy neamde dit bûten "Oranjewoud". Oant 1961 is it hûs yn syn famylje bleaun, Dêrnei is it ferkocht oan de Friesland Bank.
Syn pakesizzer jhr. Hans Willem de Blocq van Scheltinga (1870-1933) waard yn 1900 ferheft yn de Nederlânske adel. Fan him stamje noch alle libjende aadlike Scheltinga's ôf.