In happy ending (Ingelsk foar "lokkich ein") is in orgasme dat opwekke wurdt as beëiniging fan in massaazje. Soks kin yn 'e priveesfear dien wurde, mar yn 'e regel is dêrby sprake fan in finansjele transaksje, sadat men sprekke kin fan in foarm fan prostitúsje. Men kin derfoar telâne yn bordelen, mar yn guon lannen ek yn saneamde massaazjesalons en soms yn stripklubs. By happy endings giet it ornaris om in orgasme dat opwekke wurdt troch masturbaasje, mar ek orale seks en folslein geslachtsferkear komme foar. Oft soks legaal is, hinget fan 'e wetjouwing fan it oangeande lân ôf. Yn Nederlân, mar ek yn Austraalje, Grut-Brittanje, Japan, Kanada, Nij-Seelân, Roemeenje en Tailân binne massaazjes mei happy endings tastien of wurde se dulden. Yn oare lannen, lykas yn 't bysûnder de Feriene Steaten, wurdt it as in foarm fan (yllegale) prostitúsje beskôge, en kin men derfoar arrestearre en feroardiele wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.