Harmannus Reinder van Bruggen
Harmannus Reinder van Bruggen ('t Zandt, 2 augustus 1897 – Swolle, 7 septimber 1964) wie in Nederlânsk politikus.
Hy waard berne as soan fan Aldert van Bruggen (1867-1935; fjildwachter) en Harmke Lupker (1868-1935). Hy wie haadkommys en earste amtner by de gemeente Westdongeradiel foar't er yn 1926 A. de Vries opfolge as gemeentesekretaris fan Warkum. Fan 1929 oant 1934 hie van Bruggen dy funksje by de gemeente Appingedam, en doe waard er de gemeentesiktaris fan Emmen. Yn 1951 folge syn beneaming ta boargemaster fan Dalfsen.
Fan Bruggen gie yn 1962 mei pensjoen en ferstoar twa jier letter yn de âldens fan 67 jier. Syn soan Aldert, berne yn Ternaard, hat ek boargemaster west.