Aldert van Bruggen

Aldert Pieter Jan van Bruggen (Ternaard, 21 july 1925De Helder, 4 maaie 1980) wie in Nederlânske politikus út namme fan de VVD.

Aldert van Bruggen
politikus
echte namme Aldert Pieter Jan van Bruggen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 21 july 1925
berteplak Ternaard
stjerdatum 4 maaie 1980
stjerplak De Helder
partij VVD
Boargemaster fan Delfsyl
amtsperioade 1964-1973
foargonger Abraham Goldberg
opfolger Paul Scholten
Boargemaster fan De Helder
amtsperioade 1973-1980
foargonger Sim Visser
opfolger Hans de Haan

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy waard berne as soan fan H.R. van Bruggen (1897-1964) dy't doe as earste amtner by de gemeente Westdongeradiel en letter gemeentesekretaris fan Emmen en boargemaster fan Dalfsen wurde soe. Sels wie A.P.J. van Bruggen ôfstudearre yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins en wie er letter wurksum as repetitor steats- en bestjoersrjocht. Yn 1952 gie er yn De Haach oan it wurk by it ministearje fan Bûtenlânske Saken dêr't er it yn 1958 brocht ta sjef fan de ôfdieling frjemdlingesaken. Yn 1962 waard er direkteur fan it kabinet fan de gûverneur fan de Nederlânske Antillen. Yn augustus fan dat jier ferstoar waarnimmend gûverneur Christiaan Winkel dêr 't Van Bruggen tydlik syn funksje op waarnaam. Yn 1963 ferliet er Kurasau alwer en kaam er werom nei Nederlân dêr't er yn juny 1964 beneamd waard ta boargemaster fan Delfsyl. Yn maart 1973 folge syn beneaming ta boargemaster fan Den Helder.

Yn 1980 ferstoar Van Bruggen ûnder dat boargemasterskip yn de âldens fan 54 jier oan in harsenblieding.