Harnzerstrjitwei

strjitte yn Ljouwert

De Harnzerstrjitwei is in strjitte yn Ljouwert, it wie de ryksstrjitwei nei Harns, en kaam yn 1842 klear. It is no in haadstrjitte yn Ljouwert. De Harnzerstrjitwei rint fan it Jeropaplein, dêr't er krúst mei de rûnwei fan Ljouwert, oant in rotonde flak foar it sintrum dêr't ek de Spanjertsleane en de Harnzersingel op útkomme.

Harnzerstrjitwei
bouwurk
Rotonde mei Us Mem oan de Harnzerstrjitwei
Rotonde mei Us Mem oan de Harnzerstrjitwei
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
koördinaten 53° 12′ 17" NB, 5° 46′ 43" EL
bysûnderheden
type bouwurk strjitte
boujier 1842
oare ynformaasje
lingte 200 m

De Harnzerstrjitwei wie earder, krektas de Grinzerstrjitwei en de Mr. P.J. Troelstrawei in útfalswei dy't bûten de beboude kom lei. Begoede Ljouwerters bouden dêr harren hearehuzen, dy huzen stean noch altyd oan de Harnzerstrjitwei.

De Harnzerstrjitwei foarmet de skieding tusken de wiken Westerparkwyk en Fûgelbuert.

Oan de dyk lizze tsientallen pannen, dy't ryksmonumint binne.