Harold Foster
Harold Rudolph "Hal" Foster (Halifax, 16 augustus 1892 - Spring Hill (Florida), 25 july 1982) wie in Amerikaansk striptekener fan Kanadeesk komôf dy't benammen ferneamd waard troch syn tekenteltsjes fan Prins Valiant, in striprige dy't er fan 1937 ôf skreau en tekene hat.
Harold Foster | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Harold Rudolph Foster | |
nasjonaliteit | Amerikaansk, Kanadeesk | |
berne | 16 augustus 1892 | |
berteplak | Halifax | |
stoarn | 25 july 1982 | |
stjerplak | Spring Hill | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Strips | |
bekendste wurk(en) |
Prins Valiant | |
jierren aktyf | 1928-1980 |
De earste jierren
bewurkje seksjeFoster wie in autodidakt. Neidat er mei trettjin jier fan skoalle gie, ûntwikkele er him fierder op de bibleteek fan Winnipeg. Ek learde hy himsels tekenjen. Om de anatomy fan de minske goed yn 'e fingers te krijen, stie er sels bleat foar de spegel en makke sketsen. Yn 1910 wurke er as tekener foar de Hudson Bay Company, dêr't er frouljusûnderguod tekene foar de postoarderkatalogus. As gefolch fan de ekonomyske krisis dy't Kanada yn dy jierren teistere, moast er al yn 1913 by it bedriuw wei. Hy begûn doe foar himsels. Rillegau dêrnei kaam er Helen Wells tsjin dêr't er mei boaske yn 1915. Net lang dêrnei waarden twa bern berne. Omdat er mei tekenjen net folle fertsjinje koe, wurken Foster en syn frou as gidsen foar jachtselskippen. Yn 1917 besleaten se om goud te sykjen yn de omkriten fan Lake Rice. Trije jier letter waard harren 'kleem' rôve en gienen sy beroaid werom. Foster besleat werom te kearen nei syn âlde leafde, it tekenjen. Hy gie nei Chicago en skreau him yn by it Chicago Art Institute. Deis wurke er by de Jahn & Ollier Engraving Company en jûns folge er skilder- en tekenlessen. Neidat er syn stúdzje ôfsletten hie, gie er oan it wurk by de Palense-Young Studio dêr't er ûntwerpen makke foar advertinsjes en omslaggen fan tydskriften.
Tarzan
bewurkje seksjeYn 1927 krige er in nije útdaging. Joseph H. Neebe hie de rjochtenkrige om de ferhalen fan Edgar Rice Burroughs oer Tarzan om te setten yn in krantestrip. Neebe rjochte him op de earste roman fan Burroughs, Tarzan of the Apes út 1912. Neebe socht earst kontakt mei in kollega fan Foster, J. Allen St. John, mar dy woe der net oan fanwegen de koarte kapdata ('deadlines') foar de krantestrip. Foster waard frege, mar dy wie ek net bot entûsjast omdat er tekenteltsjes as wat minderweardichs beskôge. Lang om let gie Foster dochs oer en op 7 jannewaris 1929 ferskynde Tarzan yn de kranten. Al gau krige Foster de bynamme de “Michelangelo of the comic strip”. Fosters Tarzan wurdt noch altiten net oertroffen wat realisme, komposysje en anatomy oangiet. It útbyldzjen fan Tarzan troch Foster hat eltse artyst dy't nei him de ‘hear fan de jungle’ op papier sette soe, beynfloede. Foster skreau ek de tekst foar de strip. Hy naam dy oer út de boeken fan Burroughs en bewurke de tekst om ta koarte tekstblokken dy't ûnder de tekeningen set waarden. Soks wie noch net earder dien yn de stripwrâld, dêr't se wend wienen om te wurkjen mei teksten yn tekstballonnen. De technyk dy't Foster brûkte, joech him alle romte foar syn detaillearre tekeningen. It ferhaal fan “Tarzan of the Apes” ferskynde alle dagen yn swart-en-wyt ôfleverings. Nei't er klear wie mei it ferhaal, kearde Foster werom nei syn âlde baan en begûn wer advertinsjes te meitsjen. Noch altyd beskôge er de tekentelsjes minder as syn oar wurk en wie net der net rouwich om dat Rex Hayden Maxon de strip oernaam. Foster kaam der lykwols al gau efter dat er wat te gau ôfskied nommen hie fan syn kreaasje. De grutte krisis fan de jierren tritich sloech ta en in soad bedriuwen rekken yn it fallisemint, ek it bedriuw dêr't Foster foar wurke. Mei tsjinsin naam Hal Foster it oanbod fan Neebe oan om foar de bylage fan de sneinskrante ien side yn kleur te tekenjen oer Tarzan. It wie de gouden iuw fan de krantestrip en al gau krige Foster selskip fan Alex Raymond mei Flash Gordon, Chester Gould mei Dick Tracy en Lee Falk mei the Phantom. Strips wienen tige populêr yn de krisisjierren en Foster krige in protte post fan leafhawwers. Stadichoan ferlear er syn wjersin tsjin de ‘ynferieure’ krantestrip.
De berte fan Prins Valiant
bewurkje seksjeSa njonkelytsen begûn Foster lykwols syn nocht te krijen fan de beheinings dêr't er mei te krijen hie by it tekenjen fan Tarzan. Hy socht om oare goede senario’s foar in strip, mar koe dy net fine. Út frustraasje besleat er om sels in held te skeppen. Dat waard “Derek, Son of Thane”, in namme dy't al gau feroare waard yn “Prince Arn”. Foardat Foster dat idee lykwols oan United Features Syndicate foarlei, it syndikaat dêr't er Tarzan foar tekene, wurke er earst syn idee út. Hy makke Arn ta ridder fan de Rûne Tafel en wurke de skiednis fan syn haadpersoan fierder út, kompleet mei tûzenen tekeningen. United Features karde it idee foar in strip om de persoan Prins Arn hinne lykwols ôf. Dêrmei wie Foster lykwols net út it fjild slein, hy hie út goed fatsoen earst it syndikaat frege. William Randolph Hearst, de eigener fan King Features Syndicate, hie Foster nammentlik al earder oan west mei in foar dy tiid bûtenwenstich oanbod. Hearst sei Foster it eigendom en de folsleine kontrôle ta oer de stripfiguer dy't Foster betinke soe. It oanbod wie basearre op de tige grutte bewûndering dy't Hearst foar Hal Foster syn Tarzan hie. Nei de ôfwizing fan United Features gie Foster dus mei prins Arn nei de konkurrint. Doe't Foster syn plannen oan Joseph Connelly, de direkteur fan King Features Syndicate foarlei, feroare dy de namme fan Prins Arn yn “Prins Valiant” (de namme fan Prins Arn soe lykwols weromkeare as de namme fan de âldste soan fan Valiant). Op 13 febrewaris 1937 ferskynde de earste ôflevering fan Prince Valiant in the Days of King Arthur.
In nije myte
bewurkje seksjeDe strip dy't Foster om syn held kreëarre, wurdt faak priizge fanwegen de histoaryske krektens. Foster dokumintearre him altiten yngeand foar syn ferhalen en tekeningen. Mar nettsjinsteande dat befetsje de ferhalen fan prins Valiant in grut tal anagronismen en is de held omstanner fan foarfallen dy't pas folle letter yn de skiednis foarfoelen. De aventoeren fan Valiant spylje har bygelyks ôf yn ‘de dagen fan kening Artur’, dêr't tige oan twivele wurdt oft dy wol bestien hat, oan it begjin fan de Midsiuwen. Dat wie yn de tiid dat it West-Romeinske Ryk ûndergie en it Grutte folkeferfarren op gong kaam. Saksyske stammen foelen doe de Britske eilannen binnen en waarden bekampe troch de Britske stammen dy't dêr doe wennen. De leginde fan kening Artur stammet út dy tiid. Artur wie foar 't neiste in Britske of faaks in Romeinske legeroanfierder, dy't yn de leginden útgroeid is ta in kening. It meastepart fan de ferhalen oer Artur waard lykwols neat earder as in fiifhûndert of tûzen jier letter op skrift steld. De skriuwers dêrfan, lykas de yn de 15de iuw libjende Thomas Malory yn Le Morte d'Arthur, ferpleatse de wapens, klean en saken lykas ridders en kastielen út harren eigen tiid oer nei 5de iuw. Troch Foster waard dat sûnder in inkelde beheining oernommen. Sa rûn prins Valiant om mei in folslein harnas en fjochtet er as in ridder tsjin Romeinske soldaten en Wytsingen, wylst kastielen as Camelot der útsjogge as yn de lette Midsiuwen. Om de strip wurdearje te kinnen, moat de wrâld fan prins Vailant sjoen wurde as in mytologyske wrâld lykas yn Le Mort d”Arthur en net as histoaryske werklikheid.
Prins Valiant, de soan fan Aguar, de kening van Thule, wurdt ridder oan it hôf fan kening Artur. En wapene mei syn ferneamd ‘Sjongend Swurd’ belibbet er alderlei aventoeren yn in eigen midsiuwske wrâld dy't rûn fan Noarwei oant Afrika en fan Amearika oant Jerusalim ta. Valiant befjochtet Hunnen, Moaren, Wytsingen, Yndianen, Griken, Romeinen, Arabieren, Afrikanen en Fandalen. De lêzers koenen dat allegear wol wurdearje. Prins Valiant groeide út ta in kassukses.
Fan avontuerenstrip oant familystrip
bewurkje seksjeFoster bestege in protte tiid oan it meitsjen fan syn strip. Hy moast der hurd foar wurkje, want it koste him alle wiken wol sechtich oeren om in side foar de sneinskrante ôf te krijen. Mar omdat er altiten wol in njoggen oant tolve wike yn it foar wurke, kaam er nea yn 'e swierrichheden mei de 'deadlines'. Somtiden liet er him ferliede om aktualiteiten yn syn strips te bringen, bygelyks doe't Nazi-Dutslân yn 1939-1940 de Blitzkrieg fierde, betocht Foster Valiant in koalysje fan folken dy't de ynfallende Hunnen bestrieden. It wurd ‘Hun’ wie in Amerikaansk skelwurd foar ‘Dútser’.
Foster tekene allinnich lokaasjes dy't er sels koe of dêr't er west hie. Sa ferwurke er syn wenplak Redding yn de steat Konnektikut yn it part fan de Valiantleginde mei de titel ‘The New World’ út 1947. Yn dat ferhaal rekket Valiant mei syn húshâlding fersyld yn Noard-Amearika. Dat Valiant in gesin hie, wie lykwols ek net sûnder symbolyk. De strip begûn stadichoan te feroarjen fan in aventoereferhaal yn in famyljeferhaal. De reden dêrfoar wie de beëinige Twadde Wrâldkriich en de grutte 'babyboom' dy't dêr op folge. Valiant boaske mei Keninginne Aleta fan de Dize-eilannen en kriget in soan, prins Arn, en letter twa famkes (in twilling) en noch in oare soan. Foster wie tige produktyf yn dy jierren. Troch de papierkrapte ferskynde de Valiantstrip yn ûnderskate formaten en guon kranten hienen dêrtroch ekstra romte op de sneinssiden. Foster skreau en tekene de ynformative strip ‘The Medieval Castle’ dy't as 'opfol'strip tsjinje koe. Fierders yllustrearre er it boek ‘The Young Knight’ en makke er in strip op basis fan de roman “The Song of Bernadette”.
Lêste jierren
bewurkje seksjeHoewol't Foster syn Valiant sels skreau en tekene, waard er dêrby holpen troch ûnderskate assistinten. Doe't Foster âlder waard, begûnen de 'deadlines' harren tol te easkjen. Syn soan Arthur James wie goed tweintich jier behelle by it meitsjen fan de strip, û.o. mei it yn de inket setten fan de eftergrûnen en it ynkleurjen fan de strip. Begjin jierren sechtich waard Foster assistearre troch Phiip Blaisdell, bynamme “Tex”. Earst die dy allinnich it tekenjen en it yn de inket setten, mar al gau tekene Blaisdell alles, behalven de gesichten fan de wichtichste persoanen yn de strip. Yn 1971 waard it tekenjen Foster allegearre te folle. Hy gie op 'e siik nei ien dy't it fan him oernimme koe en woe allinnich de ferhalen noch mar skriuwe. Úteinlik waard John Cullen Murphy syn opfolger. Op 16 maaie 1971 ferskynde de lêste troch Foster sels tekene stripside. Yn de jierren dêrnei gie Foster troch mei it skriuwen, it meitsjen fan de lay-outs en it ynkleurjen fan alles. Uteinlik beëinige Foster op 10 febrewaris 1980 de strip. Twa jier letter 25 july 1982 ferstoar er.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Boarnen, noaten en/of referinsjes: Literatuer:
Ynterviews: Yn Stripschrift 204 en yn Striprofiel 46. Stripschrift 20 (1970) befettet in ferslach fan in besite oan de doetiids 77-jierrige Foster yn syn wurkkeamer: "Eltse ôflevering kostet him goed 53 oere sekuer tekenwurk. [...] Yn grutte halen komt syn wurkyndieling del op 5 wurkdagen tekenjen, wylst it wykein reservearre is foar it opsetten fan it ferhaal en it beäntwurdzjen fan fanmail." Keppeling om utens: |