Hendrik Tjalling (Harold) Verwoert (Ljouwert, 15 jannewaris 1968) is in Nederlânske akteur en popmuzikant.

Harold Verwoert
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 jannewaris 1968
berteplak Ljouwert
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
jierren aktyf 2001 - no
offisjele webside
Offisjele website

Nei de havo gie er twa jier nei it Konservatoarium yn Grins; dêrnei folge er in oplieding oan de Akademy foar Lichte Muzyk fan Conamus.

Fjouwer kear die er mei oan it Nationaal Songfestival en jierrenlang wie er de leading-man fan de teatergroep 'Jeans!'. Hy spile mei yn de show '3,4,5,6,7 en 8'. Ek produsearret er platen, docht stimmen by neisyngroanisaasje fan tekenfilms. Yn de commercials die er radiospotsjes foar McDonald's en makke reklame foar de Euroknallers. Sûnt maart 2010 is Verwoert te sjen as presintator fan Sterren.nl,tegearre mei Kees Tol.

Komponist/Tekstdichter bewurkje seksje

Harold Verwoert is neist sjonger, presintator en akteur ek komponist/tekstdichter. Foar syn alter-ego Coole Piet Diego skriuwt er nûmers mar ek foar ûnder oare Sjon & Sjeffrie en yn 2009 foar it nasjonale sjongfestival komponearre er in ferzje fan it nûmer "Sjalalie sjalala" fan Pierre Kartner en ek foar "De Mosselman" in ferzje fan dat nûmer. Yn 2010 hat er it simmerske nûmer "Koning van het strand" útbrocht.

Sinteklaas bewurkje seksje

Fan 2001 oant en mei 2007 wie Harold om sinteklaastiid hinne as Coole Piet yn de rige De Club van Sinterklaas op de stjoerder Jetix te sjen. Sûnt de twadde rige (novimber 2001), De Nieuwe Club van Sinterklaas, song er ek de titelsongs fan de rige. Tegearre mei Profpiet, Testpiet, Muziekpiet, Hoge Hoogte Piet en Hulppiet wie er yn dy rige te sjen en te hearen.

Coole Piet skoarde yn desimber 2005 in nûmer 1-hit yn de Single Top 100 mei De Streken van Tante Toets. Yn 2006 skoarde er syn twadde nûmer 1-hit mei Paniek in de Confettifabriek.

Sinteklaashits fan Coole Piet bewurkje seksje

  • De Nieuwe Club van Sinterklaas (2001)
  • Spring Op en Neer (2001)
  • Dit Ga Je Toch Niet Menen (2002)
  • Blafpoeder (2003)
  • De Brieven van Jacob (2004, (Platina)
  • De Streken van Tante Toets (2005)
  • Paniek in de Confettifabriek (2006)
  • De Speelgoeddief (2007)
  • Het Geheim (2008)
  • Ik Kan Niet Wachten (2008) Duet mei Gerard Joling
  • Waar is toch de pakjesboot (2009)
  • Verliefd (2009) duet mei Patricia Paay
  • De verdwenen pakjes (2009) met Sjon & Sjeffrie
  • Ooh oh heejoo (2009)
  • Het Pakjesmysterie (2010)
  • Oh wat een feest (2010) mei Sophie Veldhuizen en Aimée de Pater en Roan Pronk - (Jane en Michael Banks út Mary Poppins)
  • Vlieg maar met ons mee (2010) mei Frans Bauer en Gebroeders Ko
  • "Boom Boom" (2011) mei STARZ

Diskografy bewurkje seksje

Albums
  • De liedjes van de Club van Sinterklaas
  • De liedjes van de Club van Sinterklaas
  • De liedjes van de Club van Sinterklaas - 2007
  • Sinterklaas en het geheim van het grote boek
  • Diego's Coolste Hits
  • Diego's Coolste Hits

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: