Hauken en sparwers
De hauken en sparwers (Accipitrinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 4-8 skaaien en 55-62 soarten, ôfhinklik fan hokke skaaien ta de ûnderfamylje rekkene wurde. Hoe dan ek is de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers de grutste ûnderfamylje fan de famylje fan de haukfûgels en fan it skift fan de rôffûgels en is it skaai Accipiter it grutste skaai fan de famylje en it skift.
Hauken en sparwers | ||
Hauk (Accipiter gentilis) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | hauken en sparwers (Accipitrinae) | |
De hauken en sparwers libje meast yn of by wâlden oer de hiele wrâld, mei útsûndering fan Antarktika. Se binne betreklik lytse oant middelgrutte rôffûgels mei slanke romp, betreklik koarte en rûne wjukken en lange sturt. De wyfkes binne ornaris grutter as de mantsjes. De lytste sparwer, de Súdamerikaanske dwerchsparwer (Accipiter superciliosus) is sa’n 22 cm lang, sa grut as in lyster, en de grutste hauk is ‘ús’ (Noardlike) hauk fan sa’n 63 cm lang.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe omfieming fan de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers is noch in saak fan ûndersyk en diskusje. Neffens guon saakkundigen heart it skaai Harpagus by de ûnderfamylje fan de gleeën (Milvinae) en it skaai Kaupifalco by de mûzefalken (Buteoninae) en foarmje de skaaien Micronisus en Melierax in eigen ûnderfamylje fan de sjonghauken Melieracinae of Melieraxinae. Hjir wurde dizze fjouwer skaaien ta de hauken en sparwers rekkene.
- Underfamylje hauken en sparwers (Accipitrinae)
- Skaai: hagedishauken (Kaupifalco), 1 soarte:
- hagedishauk (Kaupifalco monogrammicus)
- Skaai: gabarhauken (Micronisus), 1 soarte:
- gabarhauk (Micronisus gabar)
- Skaai: sjonghauken (Melierax), 3 soarten:
- donkere sjonghauk (Melierax metabates)
- eastlike sjonghauk (Melierax poliopterus)
- ljochte sjonghauk (Melierax canorus)
- Skaai: langsturthauken (Urotriorchis), 1 soarte:
- langsturthauk (Urotriorchis macrourus)
- Skaai: rodzige hauken (Erythrotriorchis), 2 soarten:
- bürgerhauk of Bürgers hauk (Erythrotriorchis buergersi)
- rodzige hauk (Erythrotriorchis radiatus)
- Skaai: doriahauken of Doria's hauken (Megatriorchis), 1 soarte:
- doriahauk of Doria's hauk (Megatriorchis doriae)
- Skaai: echte hauken en sparwers (Accipiter), 51 soarten:
- Súdamerikaanske dwerchhauk (Accipiter superciliosus)
- (Accipiter collaris)
- toefhauk (Accipiter trivirgatus)
- (Accipiter griseiceps)
- (Accipiter poliogaster)
- readboarsthauk (Accipiter toussenelii)
- Afrikaanske hauk (Accipiter tachiro)
- readflanksparwer (Accipiter castanilius)
- sjikrasparwer (Accipiter badius)
- Nikobarsparwer (Accipiter butleri)
- Balkansparwer (Accipiter brevipes)
- Sineeske sparwer (Accipiter soloensis)
- (Accipiter francesiae)
- (Accipiter trinotatus)
- grize hauk (Accipiter novaehollandiae)
- (Accipiter hiogaster)
- Australyske hauk (Accipiter fasciatus)
- swartmantelhauk (Accipiter melanochlamys)
- bûnte hauk (Accipiter albogularis)
- wytbûkhauk (Accipiter haplochrous)
- Fidzjyhauk (Accipiter rufitorques)
- Halmaherahauk (Accipiter henicogrammus)
- (Accipiter luteoschistaceus)
- (Accipiter imitator)
- (Accipiter poliocephalus)
- (Accipiter princeps)
- readpoatsparwer (Accipiter erythropus)
- dwerchsparwer (Accipiter minullus)
- lytse sparwer (Accipiter gularis)
- Besrasparwer (Accipiter virgatus)
- Selebesdwerchsparwer (Accipiter nanus)
- (Accipiter erythrauchen)
- (Accipiter cirrocephalus)
- (Accipiter brachyurus)
- wynboarstsparwer (Accipiter rhodogaster)
- Madagaskarsparwer (Accipiter madagascariensis)
- Ovambosparwer (Accipiter ovampensis)
- sparwer (Accipiter nisus)
- readboarstsparwer (Accipiter rufiventris)
- Noardamerikaanske sparwer (Accipiter striatus)
- wytboarstsparwer (Accipiter chionogaster)
- Andessparwer (Accipiter ventralis)
- readbilsparwer (Accipiter erythronemius)
- Coopersparwer (Accipiter cooperii)
- Kubaanske sparwer (Accipiter gundlachi)
- readbroeksparwer (Accipiter bicolor)
- Sileenske readbroeksparwer (Accipiter chilensis)
- swarte hauk (Accipiter melanoleucus)
- Madagaskarhauk (Accipiter henstii)
- hauk (Accipiter gentilis)
- Amerikaanske hauk (Accipiter atricapillus)
- Papoeahauk (Accipiter meyerianus)
- Skaai: hagedishauken (Kaupifalco), 1 soarte: