Hearremytibis
De hearremytibis (Geronticus eremita) is in fûgel út de famylje fan 'e ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Upupa eremita troch Linnaeus publisearre yn 'e tsiende edysje fan Systema naturae. Hy basearre de namme op 'e eardere beskriuwings fan Conrad Gesner en Ulisse Aldrovandi. De hearremytibis hat noch in oarspronklike wylde westlike populaasje yn Marokko en in semyfrije, lytse eastlike populaasje yn Turkije.
Hearremytibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Geronticus eremita | ||||||||||||
Linnaeus, 1785 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
Yn Europa wurdt besocht de fûgel op 'e nij te yntrodusearjen en stasjons binne der yn slagge om in tal fûgels wer yn it wyld út te setten en de trek oan te learen. In bedriging dêrby foarmet de yllegale jacht, benammen yn Itaalje.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe hearremytibis is 70 oant 80 sm lang mei in spanwiidte fan 125 oant 135 sm en weecht tusken 1 en 1,3 kg. It fearrekleed is swart mei in brûnsgriene en fiolette irisaasje en efter op 'e kop hat de fûgel in kraach fan lange, pylkerige fearren. It gesicht en de kop binne read en sûnder fearren. De lange, kromme snaffel en de poaten binne read.
Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar ha fierder itselde fearrekleed. Ek ha mantsjes in langere snaffel as wyfkes. Mantsjes mei in langere snaffel ha mear sukses by it finen fan in wyfke. De Marokkaanske hearremytibissen ha trochstrings in langere snaffel as de Turkske soartegenoaten.
Juvenile fûgels lykje op in folwoeksen fûgel, mar ha in donkere kop, ljochtgrize poaten en in bleke snaffel. De keale dielen fan 'e kop en de nekke fan jonge fûgels wurde mei it âlder wurden stadichoan read.
Oer it generaal wurde fûgels yn finzenskip 20 oant 25 jier âld. It âldst bekende mantsje waard 37 jier, it âldst bekende wyfke 30 jier. Yn it wyld wurde fûgels net âlder as 10 oant 15 jier.
Nêst en iten
bewurkje seksjeDe soarte briedt yn koloanjes op kliffen of tusken rotsen op steile hellingen, meastentiids net fier fan in rivier. Yn 'e koloanjes fan Souss-Massa yn Marokko binne ekstra richels makke om der foar te soargjen dat de populaasje gjin brek kriget oan nêstromte. Yn 'e koloanje fan it Turkske Birecik wurde ek keunstmjittige nêstkasten brûkt. Eartiids bouden de fûgels ek op gebouwen. Se begjinne te brieden as se trije oant fiif jier wurde en foarmje pearkes foar it libben. Der wurde yn maart of april twa oant fjouwer blaueftige aaien mei brune spikkels lein. Beide âlders briede yn 27 oant 28 dagen de aaien út. Ek soargje beide âlders foar de jongen, dy't noch 41 oant 51 dagen nei it útkommen yn it nêst bliuwe.
It iten bestiet út ynsekten, wjirms, kikkerts, reptilen en lytse sûchdieren.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe hearremytibis hie eartiids in grut ferspriedingsgebiet oer it Midden-Easten, noardlik Afrika en súdlik en Sintraal-Europa. Oant yn 'e 17e iuw libbe de fûgel noch yn Frankryk, Dútslân, Switserlân, Eastenryk en Spanje. Fral troch de jacht is de fûgel doe út Europa ferdwûn. Marokko hie oant 1944 noch 38 koloanjes en yn 1953 libben oan 'e Eufraat ek noch likernôch 1300 fûgels, mar ek dy oantallen binne neitiid slim tebek rûn.
Marokko
bewurkje seksjeYn Marokko libbet 95% fan 'e oarspronklik wylde populaasje yn it Nasjonaal Park Souss-Massa. Dêr hat de natoerbeskerming it measte sukses mei it krewearjen foar it behâld fan 'e fûgel. Yn 2013 wiene dêr 113 briedpearkes en noch 93 folwoeksen fûgels. Yn 2019 wie der ek in koloanje yn Tamri en de populaasje wie oangroeid ta 708 fûgels nei't 147 pearkes dat jier 170 jongen grutbrochten. Yn Marokko waard ek in stasjon yn Mazguiitem stifte, dêr't oant 1985 noch wylde fûgels nêstelen en oant 1995 foarkamen. Yn 2001 kamen dêr de earste fûgels út.
Turkije
bewurkje seksjeDe wylde Turkske populaasje fan 'e fûgel wie yn oantal al yn 'e jierren 1970 slim tebek rûn. De koloanje konsintrearre him yn Birecek yn it súdeast fan it lân. In fokprogramma slagge der sûnt 1977 net yn om de wylde stân te herstellen. Yn 1989 kamen noch mar trije fûgels werom fan it oerwinteringsgebiet en yn 1990 noch mar ien en se stoaren noch foardat se oan it brieden ta wiene. De echte wylde hearremytibis is yn Turkije yn 1992 útstoarn. De Turkske populaasje libbet yn Birecik yn heale frijheid. De hearremytibissen wurde yn jannewaris of begjin febrewaris frijlitten om bûten de koaien te brieden en dêrnei wer finzen nommen om tefoarren te kommen dat se migrearje. Ut in migraasjeproef hat bliken dien dat de risiko's fan it migrearjen te heech binne. Njonken pestisiden en elektrisiteitsliedingen foarmet ek de ûnrêst yn 'e kontreien in grut risiko. As de populaasje oangroeid is ta in minimum oan briedpearkes en de omstannichheden it talitte, sil in tal fûgels tastien wurde om wer te migrearjen.
Syrje
bewurkje seksjeNei it útstjerren fan 'e lêste wylde Turkske hearremytibissen bleau allinne de Marokkaanske populaasje oer. Dochs waarden der noch út en troch fûgels yn Jemen, Eritreä, Saûdy-Araabje en Israel sjoen. Dat betsjutte dat der dochs noch earne in koloanje fan 'e hearremytibis wêze moast. Troch yngreven fjildûndersyk waard ûntdutsen dat de fûgel op 'e Syryske woastynsteppen nea hielendal útstoarn wie. It sykjen levere yn 2002 15 âlde briedplakken op en ien dêrfan by Palmyra hie noch in aktive koloanje fan sân fûgels. Alhoewol't de soarte yn Syrje al mear as 70 jier earder ústoarn ferklearre wie, die bliken dat de fûgel oant 20 jier foar dy tiid noch algemien yn dy gebieten foarkaam. In kombinaasje fan biotoopferlies en jacht hat doe ta in dramatyske tebekgong soarge. De Syryske populaasje sakke yn 'e jierren nei de ûntdekking fierder en yn 2012 kaam noch mar ien pearke midden yn 'e Syryske boarcherkriich werom nei Syrje, mar it kaam net mear ta brieden. Yn 'e simmer fan 2013 waard noch mar ien folwoeksen hearremytsibis yn Palmyra sjoen, en dêrmei is de fûgel yn Syrje nei alle gedachten útstoarn.
Weryntroduksje
bewurkje seksjeOp in konferinsje fan 'e International Advisory Group for Northern Bald Ibis (IAGNBI), dy't it Europeeske stamboek fan 'e fûgel byhâldt, waarden yn 2003 rjochtlinen foar it behâld en de weryntroduksje fan 'e fûgel fêststeld. Sa waard û.o. besletten:
- Der mei gjin sprake wêze fan in útwreiding fan 'e wylde populaasjes yn Souss-Massa of yn Palmyra mei fokte ibissen út de dieretunen.
- Der binne twa aparte populaasjes en dy eastlike en westlike foarmen moatte respektearre wurde.
- Om de fûgels ta te rieden op frijlitting moatte de piken mei de hân troch minsklike âlders fuorre wurde.
- De jonge fûgels moatte de trekrûtes en plakken dêr't se rêste kinne oanleare, om 't se nei alle gedachten dy ynformaasje sels net mear ha en se sûnder help dy net sels fine.
Op in twadde konferinsje yn Spanje yn 2006 waard de needsaak besprutsen om potinsjele en eardere lokaasjes yn Noardwest-Afrika en it Midden-Easten te ûndersykjen op noch net ûntdutsen koloanjes. De needsaak om de noarmen op it mêd fan 'e hygiëne en it hâlden yn 'e foliêres fan Birecik te ferbetterjen, waard werhelle. It foarkommen fan hûdproblemen yn in tal dieretunen wie namste mear in reden dat der gjin dieretúnfûgels brûkt wurde mochten foar proeven om se frij fleane te litten. Yn takomstige fok- en frijlittingsprogramma's mochten allinne noch fûgels fan bekende komôf brûkt wurdt.
Europa
bewurkje seksjeYn 1504 waard mei in dekreet fan aartsbiskop Leonhard fan Salzburg de hearremytibis ien fan 'e earste offisjeel beskerme fûgelsoarten fan 'e wrâld. Se bouden harren nêsten op 'e kliffen en kastielen en ruïnes yn 'e kontreien fan Graz/Steiermark en Salzburg regio en ferdwûnen dêr tusken 1630 en 1645. Der waard op 'e fûgels jage om se op 'e feesten fan 'e eallju op te iten en sa stoaren de fûgels nettsjinsteande it dekreet fan 'e Tsjerke yn Eastenryk en de rest fan Europa út.
Troch de briedsuksessen yn dieretunen yn ús tiid wiene der op 't lêst wer genôch fûgels beskikber om yn it wyld frij te litten. Foar dat doel waarden ferskillende stasjons yn Eastenryk (Grünau im Almtal, Kuchl), Dútslân (Burghhausen, Überlingen) en Itaalje opset om de fûgel op 'e nij yn Midden-Europa te yntrodusearjen.
Eastenryk
bewurkje seksjeIt grutste probleem by de weryntroduksje wie dat de jonge fûgels net leard hiene om nei it suden oer de Alpen foar it oerwinteringsgebiet yn Itaalje te fleanen. Om se dat te learen fleane de minsklike pleechâlders yn lichte fleantúchjes mei op 'e trek, om de fûgels sa de wei te wizen. Dat gie net yn ien kear goed, mar alle kearen leveren wer belangrike ynformaasje op. Yn 2007 kamen hearremytibissen foar it earst selsstannich út Itaalje werom nei Eastenryk om te brieden. In jier letter brocht in folwoeksen fûgel foar it earst in pear jonge fûgels nei it oerwinteringsgebiet.
Dútslân
bewurkje seksjeSûnt 2007 waarden yn Dútslân hearremytibbissen mei de hân grutbrocht en mei help fan lichte fleantúchjes nei de WWF Oasi della Laguna di Orbetello yn Toskane laat. De populaasje groeide ek yn Dútslân en op 't lêst slagge ek dêr in selsstannige trek oer de Alpen nei it oerwinteringsgebiet. Yn 2017 folge de stifting fan in nei stasjon yn Überlingen-Hödingen yn Baden-Wuertemberch. Ein augustus 2018 fleagen 29 fûgels mei help fan minsken oer de Alpen nei harren winterferbliuw yn Toskane. Yn 2023 ferhûzen 35 jonge fûgels fan Überlingen nei Hilzingen om se dêr ta te rieden op 'e migraasje nei Andalûsje. Yn augustus 2023 waarden se oer in ôfstân fan 1.600 km nei ferskillende stops nei Spanje laat, dêr't se healwei oktober mei sukses yn it oerwinteringsgebiet yn Vejer de la Frontera oankamen. Troch it goede fokprogramma fleagen der yn 2022 wer hearremytibissen frij yn it Alpegebiet.
Spanje
bewurkje seksjeYn Spanje wurdt sûnt 2003 besocht de fûgel yn 'e natoer werom te setten. Yn 2009 waard foar it earst yn it Parque Natural de La Breña y Marismas del Barbate by Cádiz in briedend pearke oantroffen. De wylde populaasje hat him goed ûntwikkele en hjoed-de-dei (2022) libbet der wer in wylde populaasje fan likernôch 200 fûgels yn in straal fan 50 km.
Switserlân
bewurkje seksjeYn juny 2023 kaam it nijs dat yn Rümlang sûnt fjouwer iuwen foar it earst wer in pearke yn Switserlân in nêst boude. Foar 2024 wurdt yn 'e buert fan it Tierpark Goldau de earste migrearjende hearremyt-koloanje fan it lân stifte.
Status
bewurkje seksjeBedrigingen foar de fûgel foarmje biotoopferlies, jacht en fergiftiging. De weryntroduksjeprogramma's en de beskerming fan 'e lêste wylde Marokkaanske fûgels hawwe laat ta in gruttere wylde populaasje. De status fan 'e fûgel is dêrom net mear krityk, mar om't it tal fûgels noch lyts is, wurdt de hearremytibis troch de IUCN op 'e Reade list as bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Northern bald ibis (ferzje 10 juny 2024)
|