Heemstrastate (Oentsjerk)

(Trochferwiisd fan Heemstra State)

Heemstra State wie in state yn Oentsjerk. Tsjintwurdich is op dat plak it soarchsintrum mei deselde namme te finen.

Heemstrastate yn 1931

Oan it begjin fan de 16e iuw wurdt de state boud troch in lid fan de haadlingefamylje Van Heemstra. Twa fan harren mei de namme Feye van Heemstra wiene grytman fan Tytsjerksteradiel. Yn 1895 kaam it yn besit fan Theo van Welderen baron Rengers dy't oant 1930 op Heemstra State wenne.

Dêrnei kaam it yn besit fan de herfoarme gemeente. Yn 1931 krige it de bestemming as rêsthûs foar de âlderein yn Oentsjerk. De oprjochters fan de frijsinnich rêstoarde Heemstra State wiene de tsjerkfâdijen en tsjerkerieden fan de herfoarme gemeenten yn Aldtsjerk, Oentsjerk, Lekkum en Warten. Op 1 juny 1957 wennen der 30 minsken.

Yn it begjin fan de jierren '70 is it hûs ôfbrutsen. Dêrfoar yn it plak kaam in modern aldereinsintrum Nij Heemstrastate. Allinnich it âlde túnhûs en in part fan it park jouwe noch oantinken oan de eardere state.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Heemstra-State.
  • Staniastate te Oenkerk - R.L.P. Mulder Radetzky (1988)