Heeren Zeventien (polityk)
De Heeren Zeventien wie in groep fan Nederlânske bestjoerders dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ynternearre wiene yn it kamp Sint-Michielsgestel.
Yn juny, septimber en oktober 1940 setten de nazi's in grut tal foaroansteande Nederlanners fêst. Harren gizeling wie in reaksje op de finzennimming fan Dútsers yn Nederlânsk-Ynje. De troch de nazi's oppakte minsken waarden dêrom de 'Yndyske gizelers' neamd.
Namme
bewurkje seksjeYnearsten rjochten de gizelers in stúdzjegroep besteande út 50 persoanen op dy't neitocht oer de polityk nei de oarloch. De stúdzjegroep late lykwols net ta de winske resultaten en it ferlet ûntstie om yn in lytser selskip djipper op de saken yn te gean. Der waard dêrom, neist de sosjologyske stúdzjegroep, in nije groep oprjochte. Fan july 1942 ôf kaam dy groep fan santjin manlju byinoar as de Heeren Zeventien (ferneamd nei de Heeren Zeventien yn de tiid fan de VOC).
De leden
bewurkje seksjeFertsjintwurdigers fan de ferskate politike partijen wiene fertsjintwurdige, wêrûnder Willem Banning en Van der Goes van Naters (SDAP), Einthoven (Nederlandsche Unie), Wim Schermerhorn (VDB), Struycken (RKSP), Okma (ARP), Piet Lieftinck (CHU) en Von Balluseck (Liberale Steatspartij) wiene. Ek de histoarikus Pieter Geijl hearde ta de Heeren Zeventien. De measten hiene foar de oarloch mar in ûndergeskikte rol spile yn de polityk. Se wiene yn it generaal jonger as de foaroansteande lieders fan foar de besetting. Hja stiene allegearre kritysk foar it foaroarlochske politike bestel oer. De besprekkingen fan de Heeren Zeventien wiene fertroulik. Der waard praat oer de politike takomst fan Nederlân en oer de te ferwachtsjen problemen.
Tsjinstellingen en splitsing
bewurkje seksjeFan it begjin ôf die lykwols al bliken dat de Heeren Zeventien yntern ferdield wiene. Foarsitter Schermerhorn fûn dat der nei de oarloch in kristlike steat opboud wurde moast. It fannijs oplibjen fan it kristlik leauwe yn de oarloch mocht net ferlern gean. De net-kristenen soene de superioriteit fan it kristendom ferstanlik oannimme moatte. Van der Goes en Geijl fersette harren hjir fûl tsjin. Geijl wegere te erkennen dat allinne yn it kristendom in boarch tsjin it nasjonaalsosjalisme te finen wie.
De ferkate opfettings oer de nei-oarlochske fernijing blieken net te oerbrêgjen en dêrom besleat in tal dielnimmers in aparte petearrûnte te foarmjen. De fêste kearn fan dy rûnte waard foarme troch Banning, Schermerhorn, Lieftinck en Einthoven. Ein augustus 1942 kaam de groep foar it earst byinoar. Yn jannewaris 1943 diene ek Jan de Quay en Hendrik Kraemer mei. De bedoeling wie om mei in mienskiplik opsteld manifest nei bûten te kommen en in programma op te stellen foar in brede folksbeweging. Ta tarieding dêrfan stelden de dielnimmers in tal nota’s op dy 't wiidweidich mei elkoar besprutsen waarden. De ynhâld fan dy nota’s foarmen de basis fan it lettere program fan de Nederlandse Volksbeweging (NVB) werjûn yn harren útjefte Program en Toelichting van de Nederlandse Volksbeweging.
Nammelist
bewurkje seksjeUnfolsleine list fan nammen fan de Heeren Zeventien en de perioade fan harren ferbliuw yn kamp Sint-Michielsgestel:
- Day von Balluseck (1895-1976); begjin 1942 oant septimber 1944.
- Willem Banning (1888-1971); maaie 1942 oant desimber 1943.
- Ton Barge (1884-1952); maaie 1942 oant desimber 1942
- Louis Einthoven (1896-1979); maaie 1942 oant septimber 1944.
- Pieter Geijl (1887-1966); ûnbekend oant yn 1944.
- Marinus van der Goes van Naters (1900-2005); ûnbekend oant septimber 1944.
- Dolf Joekes (1885-1962); fan maaie oant desimber 1942.
- Max Kohnstamm (1914-2010); fan nei july 1942 oant septimber 1944.
- Hendrik Kraemer (1888-1965); fan july 1942 oant maart 1943.
- Piet Lieftinck (1902-1989); fan maaie 1942 oant net bekend.
- Nicolaas Okma (1904-1955); fan 1943 oant ûnbekend.
- Jan de Quay (1901-1985); july 1942 oant juny 1943.
- Maan Sassen (1911-1995); maaie 1942 oant desimber 1943.
- Wim Schermerhorn (1894-1977); fan 1942 oant 1943.
- Teun Struycken (1906-1977); fan maaie 1942 oant jannewaris 1944.
- Frans Wijffels (1899-1968); fan 19 maaie 1943 oant 13 july 1943.
Publikaasjes
bewurkje seksje- J.C.H. Blom et al.: De gijzelaars van St.Michielsgestel en Haaren. Het dubbele gezicht van hun geschiedenis. Amsterdam, Balans, 1992. ISBN 9789050181860
- Madelon de Keizer: De gijzelaars van Sint Michielsgestel. Een elite-beraad in oorlogstijd. Alphen aan de Rijn, Sijthoff, 1979. ISBN 9021824914