Nicolaas Okma (Snits, 24 desimber 1904 - Amsterdam, 14 july 1955) wie in Nederlânske abbekaat en heechlearaar fan Frysk komôf.

Hy wie in soan fan Hendrik Okma en Catharina Oberman. Syn heit wie advokaat yn Snits en lid fan de Twadde Keamer foar de ARP. Op 10 augustus 1936 boaske er mei Paulina Geertruida Rutgers. It pear krige seis bern, in soan en fiif dochters.

Fan 1923 ôf studearre Okma teology, klassike letteren en rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam. Yn 1929 waard er master yn de rjochten. Hy fêstige him as advokaat yn Amsterdam.
Yn de oarlochsjierren skreau er yn in yllegale krante, it antyrevolúsjonêre Hou en Trou. Hy wurke ek mei oan it yllegale blêd Vrij Nederland. Yn 1941 waard er arrestearre.
Hy siet 9 moanne finzen yn it Oranjehotel yn Scheveningen. Fan 1943 ôf siet er ynternearre yn kamp Sint-Michielsgestel, dêr wie er ien fan de Heeren Zeventien. Hjir wurke er ek oan syn dissertaasje Misbruik van recht.
Nei in feroardieling folge noch in straf yn in finzenis yn Kleef yn Dútslân. Yn augustus 1944 siet syn straf derop en waard er frijlitten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: