Hindrik (Hein) Vos (De Tynje, 5 july 1903Wassenaar, 23 april 1972) wie in Fryske elektrotechnysk yngenieur, ekonoom en politikus.

Hein Vos
persoanlike bysûnderheden
berop ekonoom[*], politikus, sjoernalist, rjochter, civil engineer[*]
lân Keninkryk fan de Nederlannen
geslacht man
berne 5 july 1903
berteplak De Tynje
stoarn 23 april 1972
stjerplak Wassenaar
Hein Vos yn 1961
Hein Vos (rj.) mei Drees yn 1946

Vos wie ien fan de tsien, bejeftige, bern út in 'reade' ûnderwizershúshâlding. Hy rûn der út op de hbs troch syn oanlis foar wiskunde. Nei syn stúdzje elektrotechnyk yn Delft ûntwikkele hy him ta in orizjineel makro-ekonoom. Hy ûntwurp yn de jierren '30 tegearre mei Jan Tinbergen it Plan fan de Arbeid, it alternatyf fan SDAP en NVV foar de bestriding fan de krisis.

Yn 1945 waard hy minister fan Hannel en Yndustry yn it kabinet-Schermerhorn/Drees as opfolger fan Johannes Hendrik Gispen. Hy krige lykwols net folle kâns om syn ideeën foar sosjalisaasje en oardering út te fieren. Dêrnei waard hy minister fan Ferkear yn it kabinet-Beel I as opfolger fan Steef van Schaik. Hy wie fûl tsjinstanner fan it Yndoneezjebelied fan de kabinetten Beel en Drees. Yn 1946-1947 wie Vos minister fan Folkshûsfesting en Romtlike Oardering. Fan 1948 ôf wie hy direkteur fan de 'reade' fersekeringsmaatskippij De Sintrale, senator foar de PvdA en lid fan de steatsried.

Yn syn tiid wie hy ien fan de pear dêr't bekend fan wie dat hy homoseksueel wie. Syn libbenspartner wie de sjoernalist en skriuwer Aar van de Werfhorst. Syn aard late derta dat de KVP in feto útspruts wêrtroch't Vos gjin minister mear wurde koe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: