Helbadastate wie in state by Ternaard, gemeente Dongeradiel, oan de Hantumerwei 11. Op it stee stiet yn 2010 in pleats.

Kaartsje 1716

It ûntsteansjier is net bekend, mar it wie yn 1511, 1625 en 1640 in pachtpleats. It lei op in stinswier dy't yn 1718 oanjûn waard op de kaart fan Schotanus. 97 pûnsmiet waard yn 1711 pachte troch Tamma Habbaden fan lânhear Wyttie Jongema. Yn de boelbeskriuwing fan Pouwels Duckes silger op Halbada yn 1625 wurdt fermelde, dat de sate en lannen bestienen út 120 pûnsmiet hierd fan Rienck fan Burmania. De opstallen wurde omskreaun as t huis ontrent 21 vack lanck, twe schuiren, een molken camer. Yn 1700 hie it bedriuw 104 pûnsmiet lân.
De namme Helbada waard om 1980 noch brûkt foar in 19e-iuwske pleats Hantumerwei 11, mei dwers boud foarhûs. Op kaart fan Vegelin út 1739 leit de sate súdeastlik fan it hiem. Yn inkele wapenboeken is sprake fan in wapen "Helbada tot Ternaart".

  • 1511 Wyttie Jongema eigener, Tamma Habbaden pachter
  • 1625 Rienck fan Burmania eigener, Pouwels Duckes brûker

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • website hisgis