Henk de Boer (Warkum, ?) is in teaterman, tekstskriuwer en keunstner en muzikant út Warkum.

De Fryske kultuer rint as in reade tried troch syn wurk. Yn syn atelier "De Halve Zwaan" makket er tapaste keunstopdrachten, wêrûnder romtlike objekten, ûntwerpen en yllustraasje dêr't benammen minsken en lânskippen yn foar komme. Soks bart yn de foarm fan doeken, keramyk, portretten, ynstallaasjes en tekeningen. Foar de iepening fan Simmer 2000 makke er in pompeblêdkeunstwurk dat no by it FEC yn Ljouwert stiet.

Mei de oprjochting fan stichting "De Paupers" yn 1993 koe er ek 'byldzjend teater' meitsje dêr 't er faak de pleatslike befolking by beluts. Sa makke er op it strân fan Ferwâlde it kabareteske stik Dy Dei oer generaal Hein Kampf en soldaat René dy't de minsken meinimme op in reis troch de tiid dêr't minsken oerspield wurde mei ynfaazjes. "D-Day yn 1944 wie in ynfaazje, mar dêrnei folgen der noch mear: dy fan Coca Cola, telefyzje, digitalisearring, ôfnimmende privacy, tanimmende regeljouwing.”

Yn de muzyk- en teaterprojekten spylje skilderijen en ynstallaasjes in grutte rol. Yn "Breewar.nl" sels as haadrolspilers. It projekt "Sinkel" spile him ôf op it Griene Strân by Warkum. Hjiryn waarden de tekeningen en skilderijen yntegreard yn film en animaasjes.

  • Doolhoofd - oer de wurking fan it brein by de foarming fan in keunstwurk (2007)
  • Teater breewar - Muzikaal en byldzjend lokaasjeteater op it eardere eilân Breewar by Warkum.(2002)
  • Lânskipsprojekt Seespegel - objekten yn ferskate polders yn de Súdwesthoek dy't de hichte fan de seespegel ferbyldzje (1999)
  • De Deadendûns - Bewegende doeken op de seedyk by Skarl (1997)
  • lokaasjeteater Fryslân's takomst - oan de Sânmar by It Heidenskip (1995)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: