Henri Rots (Aalten, 2 juny 1898 - Westerbork, 28 oktober 1944), ûnder fakgenoaten ek wol H. Rots neamd, wie in Nederlânske arsjitekt en fersetsstrider ûnder de Twadde Wrâldoarloch.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Rots wurke foaral yn de provinsje Grinslân. Yn syn wenplak Grins ûntwurp er in grut tal winkelpeien, ûnder oare de gevel fan in banketbakkerij oan it Akerkhof. In pear fan syn gebouwen binne oanwiisd as ryksmonumint.

 
Betinkplaat foar Henri Rots op it Oarlochsmonumint Esserveld yn Grins (2010)

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Rots syn went oan de Westerhaven yn Grins troch it ferset brûkt. Hy waard arrestearre by in oerfal en yn it neijier fan 1944 yn Kamp Westerbork fusillearre, tagelyk mei oare troch de SD oanwiisde Todeskandidaten, dêr't de NSF-foaroanman Iman van den Bosch (1891-1944) ûnder wie. By harren eksekúsje wiene ûnder oaren de bruorren en oarlochsmisdiedigers Pieter (1920-1948) en Klaas-Carel Faber (1922-2012) fan Haarlim belutsen. Rots syn stoflik omskot waard ferbaarnd yn it krematoarium fan it kamp.

In betinkstien op it yn 1946 ûntbleate Oarlochsmonumint Esserveld yn Grins hat syn namme.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 1930: Winkelpei oan it Akerkhof, Grins
  • 1930: Huzeblok yn de Korrewegwijk, Grins
  • 1932: Winkel mei (fan Rots sels bewenne) boppewente oan de Westerhaven, Grins
  • 1937: Rintenierswent mei oanboude garaazje oan de Molenweg, Loppersum
  • 1938: Protestanske tsjerke oan de Nicolaas Grijperstrjitte, Grypskerk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henri Rots fan Wikimedia Commons.