Heremastate (It Hearrenfean)

It Hearrenfean
(Trochferwiisd fan Herema State (It Hearrenfean))

Heremastate is in lânhûs en ryksmonumint yn neo-klassisistyske styl yn It Hearrenfean-Súd. It stiet oan de Marktweg (earder de Ryksstrjitwei) nei it suden dy't yn 1928 klearkomd wie.

Heremastate.
Dêrefter it nije fersoargingshûs Heremastate

Heremastate is yn 1829 bouwe litten troch Fokke Bienema (†1832)en syn frou Amelia Wiskje de Swart (1790-1829). It krige de namme fan Amelia har bertehûs yn Sweins. Heremastate waard tagelyk boud mei it hûs "Oranjewoud" yn It Oranjewâld. Beide gebouwen seagen der dan ek hast itselde út. Yn 1836 waard Heremastate bewenne troch Fokke syn suster Elbrich Bienema en har man Tsjalling Minne Watze baron fan Asbeck (1795-1855). Dy ferhuzen letter nei Feanwyk yn Aldskoat en de soan fan Fokke, Epke Roos fan Bienema, kaam doe mei syn frou Riemke Lunia Cats te wenjen op Heremastate. It is letter noch faker ferkocht. Sa wenne der ek Anne Meines, de boargemaster fan Skoatterlân. Nei de Twadde Wrâldoarloch is Heremastate noch brûkt as beukerskoalle en fersoargingstehûs. Yn 1974 is Heremastate restaurearre en ferkocht oan in rederij. De beskilderingen binnenyn lykje in soad op dy fan Feanwyk.
Op it terrein efter Heremastate is in grut nij fersoargingshûs boud mei de namme Heremastate. Dêryn hinget noch in spegel út it âlde Heremastate.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • R. Mulder-Radetzky en Barteld de Vries - Geschiedenis van Oranjewoud(1989)