Herfoarme PKN-tsjerke (Elim)

De Herfoarme PKN-tsjerke yn Elim is in tsjerkegebou mei in opfallende toer yn it Drintske doarp Elim. Sûnt 1997 is de tsjerke in ryksmonumint.

Herfoarme PKN-tsjerke

Hervormde PKN-kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Elim
adres Doarpsstrjitte 23
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1916
arsjitekt J. Beijlevelt
boustyl besibbe oan Berlage
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 507295 (tsjerke) [1]
offisjele webside
pkn-elim.nl

Elim is in relatyf jong doarp dat yn it lêste fearn fan de 19e iuw ûnstie. Yn 1915 waard de Herfoarme gemeente stifte, dy't mei help fan in skinking in eigen tsjerke bouwe litte koe.

De tsjerke is in sealtsjerke fan fiif traveeën en de portaalútbou foarmet it begjin fan in achtsidige toer dy't nei boppe ta smeller wurdt en ôfsletten wurdt troch in spits.

It oargel fan de tsjerke waard yn 1932 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Monumenten in Nederland. Drenthe, Ronald Stenvert, Sabine Broekhoven, Saskia van Ginkel-Meester, Chris Kolman en Redmer Alma ISBN 9040094543