Nederlânske Herfoarme Tsjerke

(Trochferwiisd fan Herfoarme Tsjerke)

De Nederlânske Herfoarme Tsjerke wie, sûnt 1816, de namme foar de Nederduits(ch) Gereformeerde Kerk dy't yn de Tachtichjierrige Kriich de offisjele tsjerke fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wurden wie. Foar 1816 hjitte dit tsjerkegenoatskip folút de Nederduits Gereformeerde Kerk. Op 1 maaie 2004 is de Nederlânske Herfoarme Tsjerke mei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke opgienn yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN).

Nei de befrijing fan it Frânske bewâld waard Willem I kening fan Nederland. Earst alinne fan Noardlik Nederlân, letter fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen. Kening Willem I hold him ek dwaande mei tsjerklike fraachstikken. Hy liet foar de Nederlânske Herfoarme Tsjerke in tsjerkeoarder ûntwerpe. Op 7 jannewaris 1816 waard it Algemeen Reglement voor het bestuur der Nederlandsche Hervormde Kerk in het Koningrijk der Nederlanden, by Keninklik Beslút goedkard en krige de tsjerke har offisjele namme Nederlandse Hervormde Kerk.

In soad tsjerkeleden seagen dit as ynminging yn steatssaken en fûnen dat net winslik. Benammen by de Universiteit fan Leien wie der ferset tsjin.

Ferset tsjin dizze ûntjouwings late yn 1834 ta it út it amt setten fan Hendrik de Cock, dy't predikant yn Ulrum wie. De beweging dy't dêr't ûntstie wurdt de Ofskieding neamd en op meardere plakken yn Nederlân waarden prikanten út it amt set of fêstset. Yn 1886 soe mei de Doleânsje in nije ôfskieding plak hawwe ûnder lieding fan de Amsterdamske predikant Abraham Kuyper, dy't ek in antirevolúsjonêr politikus mei in protte ynfloed, sjoernalist en wittenskipper wie. Ut de gerabringing fan de dolearende tsjerken en de tsjerken, dy't út de Ofskieding fan die 1834 fuortkaam wienen, ûntstienen yn 1892 de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Modaliteiten

bewurkje seksje
 
It ûntstean fan protestantske streamings yn Nederlân

De Nederlânske Herfoarme Tsjerke hat altyd in grutte ferdieldheid kend.

Yn de jierren 1830 wienen de Grinzer Godgelearden in groep 'mei in soad ynfloed dy't fernijingen woe yn de tsjerke.

Benaud dat dy in te grutte ynfloed krije soenen, kamen op 12 oktober 1864 69 predikanten, 50 âlderlingen en inkelde leden yn Utert by inoar om in feriening "tot verschaffing van hulp en leiding aan gemeenten en personen in de Nederlandsche Hervormde Kerk, die om des geloofs wil in nood verkeren" op te rjochtsjen, de Konfesjonele feriening, dy't lytser, noch hieltyd bestiet yn de PKN.
Yn 1906 ûntstie it saneamde Grifformearde Bûn yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke hjirút, in behâldende streaming dy't fûl tsjin eltse spjalt wie en tsjin frijsinnich herfoarme streamings. In protte fan de oprjochters wienen lid fan de Konfesjonele Feriening.

In 1913 stiften de Frijsinnich Herfoarmden in eigen modaliteit, de Feriening fan Frijsinnige Herfoarmden, dy't no noch bestiet yn de PKN ûnder de namme Feriening fan Frijsinnige Protestanten. Om 1920 ûntstie tusken de frijsinnigen en de konfesjonelen de Etyske Feriening. Opheft yn de jierren 30 waard har plak nei de Twadde Wrâldkriich ynnaam troch de middenortodoksy.

Yn de jierren 60 begjinne de griffoamearde, lutersen en herfoarmen in gearwurkingsproses: Samen op Weg. Fan it Gereformeerde Bond en it ultra-ortodokse Gekrookte Riet) kaam in soad protest tsjin dizze ûntwikkeling, mar it sette troch en op 1 maaie 2004 binne hja opgien yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Fierwei it grutste part fan it Grifformearde Bûn is mei gien nei de PKN. De oerbliuwende herfoarmden (sa'n 55.000) hawwe harren ferienige yn de Wersteld Herfoarme Tsjerke.

Op 31 maaie 1995 oppenearre in groep herfoarme en grifformearde predikanten harren mei in ‘Evangelisch Manifest’, dêr't hja in fjurrich langstme nei in geastlike fernijing yn Nederlânske Tsjerke yn ta útering brochten. Dêrút is nije beweging groeid yn de SoW-tsjerken (no PKN). De beweging, dy't him Evangelysk Wurkferbân neamt, groeide hurd yn grutte en impact. Fral yn de lanlike opset foar de 'Gemeente Groei Groepen' en de útjefte fan de Evangelyske Lietebondel kaam dat ta útering. Tsjintwurdich is de stichting útgroeid ta in fitale beweging yn de Protestantske Tsjerke.

Hoewol't de grifformearden oant de jierren 70 in aktivistyske pylder hiene mei in eigen omrop, de NCRV, eigen krante (yn 't earstoan De Standaard, letter Trouw), eigen politike partij (Anti Revolúsjonêre Partij), eigen universiteit (Frije Universiteit) en eigen skoallen, kenden de herfoarmen gjin pylder. De leden fan it Grifformearde Bûn wurken faak gear mei de grifformearden (en fan de jierren santich mei de befyndlik grifformearden), wylst de Kristlik-Histoaryske Uny foar it measte part bestie út (middenortodokse en konfesjonele) herfoarmden.

Inkelde feiten

bewurkje seksje

De Nederlânske Herfoarme Tsjerke hie trije soarten leden:

  • berteleden - as lid beskôge omdat ien of beide âlden lid wiene of omdat de partner lid is
  • doopleden - doopte leden
  • belidende leden - dy't neist doopt ek belidenis ôflein hiene

Ein 2003 telde de Nederlânske Herfoarme Tsjerke 1.823.085 leden. Der wiene doe goed 1750 herfoarme gemeenten yn Nederlân, dêr't fjirtrjin Waalske Herfoarme gemeenten en twa Skotske gemeenten (yn Amsterdam en Rotterdam) ûnder wiene.