Herfoarme tsjerke (Ballum)

De Herfoarme tsjerke yn Ballum is ien fan de trije tsjerken fan de herfoarme PKN-gemeente fan It Amelân.

Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
plak Ballum
adres Camminghastrjitte 14

9162 EM Ballum

bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1832
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7652 (fanwegen preekstoel)
offisjele webside
Herfoarme gemeente, It Amelân

Eartiids stie op it tsjerkhôf fan Ballum in oan de hillige Barbara wijde kapel, dy't hearde by Jelmerastate. It slot waard yn 1829 ôfbrutsen. Doe't de nije tsjerke op it hjoeddeiske plak yn 1832 yn gebrûk nommen waard folge ek de ôfbraak fan de kapel op it hôf. In grêfkelder op it hôf is it lêste dat noch tinken docht oan de kapel. Fan de kleastermoppen dy't by de sloop fan it slot ôfkomstich wiene waard de fundearring fan de nije tsjerke lein.

De frijsteande sealtektoer datearret fan 1755 en ferfong eartiids in houten klokkestoel. Yn 1877 waard de toer mei nochris twaeninheale meter ferhege. Yn de Frânske tiid waard it wapen fan de Fryske Nassau's boppe de doar fernield.

 
Oersjoch ynterieur

In part fan de ynrjochting fan de âlde Barbarakapel belâne wer yn de nije tsjerke. Nei in restauraasje yn de jierren 1960 bleau fan de meinommen ynrjochting allinne de renêssânse preekstoel oer. Dy waard yn 1604 makke troch Claes Jelles foar de Grutte Tsjerke fan Harns. Doe't de Grutte Tsjerke yn 1771 ôfbrutsen waard om plak te meitsjen foar de tsjintwurdige Harnzer Grutte Tsjerke is de preekstoel ferkocht oan de herfoarme gemeente fan Ballum.

It oargel is in posityf dat boud is troch de firma Vierdag út Ynskedee. It kaam yn 1963 nei de renovaasje yn de tsjerke telâne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: