Herfoarme tsjerke (Ljussens)

De Herfoarme tsjerke of Petrustsjerke yn Ljussens is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de herfoarme PKN-gemeente Moarre-Ljussens. De gemeente wurket nau gear mei de grifformearde gemeente fan Ljussens en de herfoarme gemeenten fan Peasens en Wierum.

Petrustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Ljussens
adres Doarpsstrjitte 50
koördinaten 53° 22'N 6° 05'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31576 [1]
Webside
Herfoarme PKN-gemeente Moarre-Ljussens
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke
 
De tsjerke yn 1723

De fan oarsprong út it begjin fan de 13e iuw stammende romaanske tsjerke waard yn 1480 nei it suden ta ferbrede en nei it easten ta langer makke. De yn goatyske styl fergrutte tsjerke krige doe in fiifsidich koer. Yn 1827 waard de tsjerke opknapt, itjinge betocht waard mei in fers op de balustrade fan de kreake. It mei laaien ôfdutsen tuorke wie al in pear desennia earder boud. Yn it ramt fan dy 19e iuwske renovaasje krige de tsjerke nij meubilêr, in nij tonferwulft en steunbearen oan de noardlike muorre. De tsjerke waard oan it begjin fan de 20e iuw wer ynkoarte en krige doe in trijesidich koer. It âldste diel fan de tsjerke, dat fan dowestien is, giet skûl achter de yn 1929 oplutsen westlike muorre.

De tsjerke waard yn de jierren 1990 restaurearre.

Al it tsjerkemeubilêr komt út de tiid fan de renovaasje yn 1827 en hat deselde ûntwerper. By de restauraasje yn de jierren 1990 waarden de preekstoel en it doopstek, de banken foar de gemeenteleden en de hearebanken wer yn de oarspronklike kleuren skildere. De kânselbibel stamt út 1643. Ek binne by dy restauraasje in grut tal sarken fûn. In part derfan is noch te sjen; de âldste (1553) stamt noch fan foar de reformaasje. Ek út de roomske tiid stamt de yn 1498 troch Johan getten klok mei reliëfs fan Petrus en Katarina fan Aleksandrje.

Der binne twa oarlochsmonuminten oan 'e muorre fan de tsjerke. In plakette foar Theunis Kuipers en Willem Kuipers (ûntbleate yn 2019) en in plakette foar Liepke Scheepstra (ûntbleate yn 2022 ).

Yn 1951 ferfong in lyts piipoargel it harmoanium. Sûnt 1996 hat de tsjerke in elektroanysk oargel achter in skynfront.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo - De Dongeradelen, Herma M. van den Berg (1983)
  • PDF G.Yedema