Liepke Scheepstra

Liepke Scheepstra (Ljussens, 1 novimber 1918Amersfoart, 15 septimber 2002) wie in Nederlânsk fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich. Hy brûkte de skûlnammen "Bob" en "Jelte".[1][2]

Liepke Scheepstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Liepke Scheepstra
oare namme "Bob" en "Jelte"
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 novimber 1918
berteplak Ljussens
stoarn 15 septimber 2002
stjerplak Amersfoart
etnisiteit Frysk
wurkpaad
prizen Militaire Willems-Orde

Liepke waard grutbrocht op Skiermûntseach en troude letter mei Frouwke Elizabet Dijk.

Scheepstra wie foar de oarloch tsjinstplichtich korporaal by it Korps Plysjetroepen. Yn 1943 wie er ien fan de oprjochters fan de Lanlike Knokploegen (LKP). Dy organisaasje wie warber mei oerfallen op distribúsjekantoaren, it fersprieden fan yllegale publikaasjes, it sykjen fan ûnderdûkadressen foar joaden en help oan delsketten piloaten.
Hy wie as organisator belutsen by de oerfal op 11 maaie 1944 op de Arnhimse Koepelfinzenis, dêr't ûnder oaren Henk Kruithof en Frits de Zwerver befrijd waarden.

By de oerfal op it Hûs fan Bewar te Arnhim op 11 juny 1944, dêr't 54 finzenen by befrijd waarden, hie Scheepstra de lieding. It wie de grutste befrijingsaksje út de besettingstiid. Scheepstra hearde ta it fjouwermanskip dat de LKP late (wie koördinator foar East-Nederlân) en wurke mei oan it gearbringen fan de knokploegen, de Oardertsjinst en de Ried fan Ferset yn de Binnenlânske Striidkrêften.

Scheepstra waard op 1 oktober 1958 earfol út militêre tsjinst ûntslein en ûnderskieden mei de Militêre Willems-Oarder, dy't er earst op oanstean fan Keninginne Wilhelmina akseptearje koe "as plakferfangend foar al dy oaren".

Scheepstra hat nei de oarloch noch in tal bedriuwen yn kofje-apparatuer yn Assen en Amersfoart laat. Fierders sette er him yn foar de belangen fan neibesteanden fan sneuvele fersetsminsken, it fêstlizzen fan de skiednis fan it ferset en it oerbringen fan de motiven fan it ferset op lettere generaasjes.

Scheepstra waard beïerdige op Skiermûntseach. Syn Collectie Oorlog en Verzet waard oerdroegen oan de Stichting IJsselacademie Kampen.[3]

Sûnt 6 maaie 2022 hinget in plakette ta oantins fan Scheepstra oan de Petrustsjerke yn Ljussens. [4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwsbank: Ridder Militaire Willemsorde Liepke Scheepstra overleden
  2. Documentatiegroep 40-45
  3. Histoarysksintrun Oerisel
  4. Webstee Moarre-Ljussens