Herfoarme tsjerke (Warten)

De herfoarme tsjerke is in tsjerkegebou yn Warten yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

Tsjerke fan Warten
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Warten
adres Haadstrjitte 24
koördinaten 53° 08'N 5° 53'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1780
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22936
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De tsjerke waard yn 1780 fannijs boud en ferfong in 11e- of 12e-iuwske midsiuwske tsjerke. Troch de ferkeap fan dowestien nei de ôfbraak fan de tsjerke kin de âlderdom fan dy midsiuwske tsjerke op dy tiid rûsd wurde. Neffens prof. dr. J.A. Mol fan de Fryske Akademy wie de tsjerke noch âlder en soe de Wartenser tsjerke in seendtsjerke west ha, dêr't tsjerklik rjocht sprutsen waard. [1] Jacobus Stellingwerf tekene de tsjerke yn 1721 as in goatysk gebou, mar oan de westlike kant fan de súdlike muorre siet noch dúdlik in romaansk finsterke.[2]

Om't der tsjerkelân ferkocht waard foar it ôflossen fan de rekken is it bekend dat de tsjerke mei de toer earne healwei de 16e iuw restaurearre is. Letter is de toer ôfbrutsen en ferfongen troch in klokkestoel oan de westlike gevel foar de twa klokken. Neffens Otto Derk Jan Roemeling wie de patroanhillige fan de tsjerke foar de reformaasje Jakobus.[3]

 
Oargel

By de bou fan de hjoeddeiske tsjerke waard de goatyske kape fan de midsiuwske foargonger op 'e nij brûkt. De sealtsjerke mei trijesidige koarsluting hat in 30 meter hege toer (restaurearre yn 1880) mei ynsnuorre toerspits. Yn de toer hingje twa klokken, dy't getten binne yn 1948. De klokken drage de opskriften O Minske, hark, forstean Gods stim, God hoedet dy, bitrou op Him en Ik help myn broer, ik lied ek mei op vreugde- en rouwedei.

Mei de bou fan de tsjerke yn de 18e iuw krige it gebou ek in nij ynterieur. It oarspronklike ynterieur fan de nijbou is earne yn de 19e iuw ferfongen troch it hjoeddeiske ynterieur, mooglik mei de bou fan it nije oargel yn it lêste fearn fan dy iuw.

Sân brânskildere ramen binne troch Ype Staak makke. In achtste raam fan steedhâlder Willem V waard yn de Frânske tiid fernield. Yn 1925 is dat saneamde "Prinsenraam" rekonstruearre, mar troch de oare kleuren is te sjen dat it 20e-iuwsk is. Tagelyk binne de oare ramen doe ek yn 1925 restaurearre en letter nochris yn de jierren 1970 troch Jentsje Popma.

Yn it portaal hinget in 18e-iuwsk boerd mei bibeltekst, dat foarhinne in oar plak hie. De elektryske kroanluchters binne yn de jierren 1970 ophongen.

It oargel út 1874 is boud troch L. van Dam en Zonen. Tsjin it ein fan de jierren 1990 waard troch Bakker & Timmenga in begjin makke mei de restauraasje. Njonken de restauraasje binne doe trije registers tafoege (Salicet, Viola di Gamba en Cornet), dêr't by de bou al romte foar reservearre wie. Mei help fan K. de Graaf út Burdaard waard doe ek de oargelkas yn de oarspronklike kleuren werombrocht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: