Herman Wesstra jr. (mei dûbel s), wiere namme Harmen Jurjens Wesstra (Aldetrine, 23 april 1843 - De Haach, 14 jannewaris 1911), wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf, dy't de lêste desennia fan de 19e iuw in protte yn De Haach boud hat. Wesstra hearde ta de groep Haachske arsjitekten, dêr't ek W.B. van Liefland en stedsarsjitekt A. Schadee ta behearden. In protte fan harren wurk is ferlern gien.

 
Konsertgebou yn de bistetún
  • Konsertgebou fan de Haachske Dieretún, 1863-1943
  • Passaazje (De Haach), 1885 mei J.C. van Wijk, yn 2007 fan nijs opmakke
  • Teäter Scala, yn 1884 as kasino boud, fan 1901 ôf teäter
  • Panoramagebou oan de Bezuidenhoutseweg, 1881-1886
  • De Seinpost yn Skeveningen, sloopt 1976, ferfongen troch flatgebou Seinpostduin
  • Filla Pauline yn de Skeveningske Boskjes
  • Hearehûs Stationsweg 74, 1881 boud fanwege Theodorus Henricus Pourchez (1845-?)
oar wurk
  • Fontyn fan it Bankaplein yn De haach, makke yn 1881, sloopt yn 1922

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  De folseine tekst op Wikiboarne as Auteur:Herman Wesstra.