Hermann Müller (Mannheim , 18 maaie 1876 - Berlyn, 20 maart 1931) wie in Dútsk politikus. Hy wie twaris rykskânselier ûnder de Weimarrepublyk.

Hermann Müller

Yn it earstoan sjoernalist by de Görlitzer Zeitung waard Müller lid fan it útfierend komitee fan de SPD yn 1906. Hy waard yn 1914 nei Frankryk stjoerd om mei de Parti Socialiste te besykjen de Earste Wrâldkriich te kearen.

Nei de novimberrevolúsje waard er ryksminister fan bûtenlânske saken yn it reagear fan Gustav Bauer en tekene er it ferdrach fan Versailles. Nei't Bauer dien krige by de Kapp-putsch waard er rykskanselier oant de ferkiezings fan juny 1920.

Troch it elektoraal súkses fan de sosjaaldemokratyske partij, waard er yn 1928 op 'en nij rykskânselier. Under syn regearing ûndernaam Dútslân in plan ta weropbou fan de fleat en ûnderhannele it oer it Young-plan. Doe't it net slagge om de ekonomy te ferbetterjen nei de Grutte Depresje fan 1929, naam er ûntslach yn maart 1930.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) Müller, Hermann. (2006). Yn de Encyclopædia Britannica.