De Hiemerter Mole (ek: Hiemertmole), tusken Burchwert en Wytmarsum, yn 'e himrik fan Wytmarsum, is in poldermole fan it type spinnekop.

Hiemerter Mole
mûne / mole
De Húnzermûne yn 2015
De Húnzermûne yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Húns
adres Hiemert 13
koördinaten 53° 05' N 5° 31' E
bysûnderheden
type mûne spinnekop
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen Hiemerterpolder
flecht 12 meter
boujier 1811; werbou 1975
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39348 [1]
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Hiemerter Mole (Fryslân)
Hiemerter Mole

De mole is yn 1811 boud foar it bemeallen fan de Hiemerterpolder en hat oant 1957 de polder op wynkrêft bemeald. Yn dat jier waard yn de mole in diselmotor ynboud. Sûnt 1969 is net mear op de wyn meald en rekke de Hiemerter yn ferfal. Yn 1973 kocht de feriening de Hollandsche Molen de Hiemerter Mole oan en liet dy restaurearje. De mole is sûnt 1988 eigendom fan Stifting De Fryske Mole. It is in ryksmonumint.

De dieselmotor is der út helle en de Hiemerter bemealt no (2007) op frijwillige basis de polder. De mole is op ôfspraak te besichtigjen.

Tichteby stiet rjochting Wytmarsum de Pankoekstermole.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: